Bestjoer Feriening Fryske Alvestêden en rayonhaden. Gearkomste oer de tastân fan it iis op 14 jannewaris 1985.

De feriening Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden (offisjeel: Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden) is oprjochte op 15 jannewaris 1909 om de Alvestêdetocht te organisearjen. Sûnt 1909 is de Alvestêdetocht mar 15 kear riden.

Skiednis

De Alvestêdentocht waard al geregeld ferriden troch reedriders yn de 19e iuw. Op oanstean fan de sportpionier Pim Mulier waard op 2 jannewaris 1909 de earste Alvestêdetocht hâlden, organisearre troch it Fryske Iisbûn.

It Iisbûn woe it by dizze iene kear hâlde. Dêr wie de Ljouwerter abbekaat Mindert Hepkema it net mei iens en tegearre mei in tal oare entûsjaste Friezen hat er in pear dagen letter, op 15 jannewaris, de feriening De Fryske Alve Stêden oprjochte. It doel wie it befoarderjen fan de iissport en it jierliks organisearjen fan in Alvestêdetocht at dit mooglik is. Hepkema wie ek de earste foarsitter.

Op 15 jannewaris 2009 bestie de Fryske Alve Stêden 100 jier. Yn it ramt fan dit hûndertjierrich bestean makke Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân John Jorritsma op dy dei bekent dat de organisaasje it predikaat Keninklik krige. Sûnt doe is de namme fan de feriening: Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden.

Konkurrinsje

It oprjochtsjen fan de feriening betsjutte net daliks dat oare sportferienings gjin tochten organisearje koenen. Mei it Bûn foar Lichaamlike Opfieding yn De Haach wienen gau ôfspraken makke. By it Fryske Iisbûn hie it mear fuotten yn de ierde eardat men úteinlik ta in oerienkomst kaam. It einresultaat fan alle besprekkings wie dat allinnich de Feriening De Fryske Alve Stêden Alvestêdetochten útskriuwe soe. Allinnich by de fjirde Alvestêdetocht waard der troch in groep partikulieren in alternative Alvestêdetocht op redens lâns de Fryske Alevestêden organisearre, de saneamde Tolhúster Alvestêdetocht.

Feroarings

Yn de rin fan de tiid hat it bestjoer fan de feriening ferskate feroarings trochfierd. Yn 1947 waard besluten dat allinnich wedstrydriders dy't binnen twa oeren nei de winner binnenkamen opnomd wurde soenen yn it einklassemint. Allinnich wedstrydriders dy't net mear as 20% langer oer de tocht dienen as de winner kamen fan dat jier ôf yn oanmerking foar it krúske. Fan 1985 ôf wie it ek foar froulju tastien om oan de wedstryd mei te dwaan. Froulju mochten wol fan it begjin ôf oan de tocht meidwaan. Op 15 jannewaris 2009 krige de feriening it predikaat Keninklik fanwege har 100-jierrich bestean.

Foarsitters

List fan foarsitters fan de feriening:

Rayonhaden

It trajekt fan de tocht is opdield yn 22 ferskillende rayons. Elk fan dizze rayons wurdt fertsjintwurdige troch in rayonhaad. Ta it takepaket fan dizze rayonhaden heart ûnder oare: it ienris deis mjitten fan de iisdikte, it fersoargjen fan iistransplantaasjes, it fersoargjen fan klúnfoarsjennings, sorgje foar feilich iis, kontrole fan de riders, melden fan de trochkomst fan de kopgroep en it soargjen foar in feilige passaazje foar it publyk.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.