It Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens (Convention on Road Signs and Signals) is in ynternasjonaal ferdrach dy't yn Wenen op 8 novimber 1968 ûndertekene waard mei de bedoeling ferkearsfeiligens fuort te sterkjen en ynternasjonaal dykferkear te helpen troch it standerdisearjen fan ferkearstekens, sa as ferkearsbuorden, ferkearsljochten en dykmarkearring.
Beskriuwing
It Ferdrach waard oerienkommen ûnder tafersjoch fan de Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes. It Ferdrach waard bekrêftige op 6 juny 1978. Ut it Ferdrach kaam it Ferdrach fan Wenen oangeande dykferkear fuort, dy't ynternasjonale ferkearsregels standerdisearre.
It Ferdrach fan Wenen ferfong it eardere Ferdrach fan Genêve oangeande ferkearstekens fan 1949, dy't wer it Ferdrach fan Genêve oangeande it standerdisearjen fan ferkearsbuorden fan 1931 ferfong. Wizigings fan it Ferdrach fan Wenen, sa as foarrang by rotonden en nije buorden oangeande feiligens yn tunnels, waarden yn 2003 oannommen.
It grûnwurk foar de ferdraggen fan Genêve en Wenen lei benammen op de ûntwikkelings yn de tweintichste iuw fan ferkearstekens yn it festelân fan West-Jeropa. Om it sa ynternasjonaal mooglik te meitsjen lit it Ferdrach guon fariaasjes ta, sa as bygelyks dat warskôgingsbuorden trijehoekich of yn in rjochthoekige diamantefoarm wêze kin en dat ferkearsbuorden in wite of giele eftergrûn hawwe kinne. Alhoewol't de measte lannen it Ferdrach noch net offisjeel bekrêftige hawwe, jilde ferkearswetten yn gelikense foarm yn de measte lannen.
In gelikens ferdrach, de SADC-RTSM dy't ûnder tafersjoch fan de Untwikkelingsmienskip fan Súdlik Afrika falt, wurdt troch tsien lannen yn súdlik Afrika brûkt. Dat ferdrach komt in soad oerien mei it Ferdrach fan Wenen.
Yn de Feriene Steaten binne de ferkearstekens basearre op de Amerikaanske Federal Highway Administration's Manual on Uniform Traffic Control Devices (MUTCD). Tekens fan de MUTCD hawwe njonken symboalen ek in soad tekst. Yn Kanada en Austraalje binne de ferkearstekens basearre op dy fan de MUTCD. Yn Súd-Amearika binne de ferkearstekens beynfloede troch beide it Ferdrach fan Wenen en de MUTCD. Yn Sintraal-Amearika binne ferkearstekens benammen beynfloede troch de MUTCD en basearre op de Manual Centroamericano de Dispositivos Uniformes para el Control del Trafico, dy't de fariant fan de MUTCD fan de lannen fan de Sintraalamerikaansk Yntegraasjesysteem (SICA) is.
Regels
Ferkearsbuorden
Yn artikel 2 fan it ferdrach stiet dat alle ferkearsbuorden ûnder in tal kategoryen (A-H) falle:
- A: Warskôgingsbuorden
- B: Foarrangsbuorden
- C: Ferbodsbuorden
- D: Gebodsbuorden
- E: Ferkear
- F: Ynformaasjebuorden
- G: Paadwizers
- H: Ekstra buorden
It Ferdrach hat de presize kleuren, foarmen en maten foar elts fan de buorden:
Soarte boerd | Foarm | Eftergrûn | Râne | Maat | Symboal | Foarbylden |
---|---|---|---|---|---|---|
warskôgingsbuorden | trijehoeke | wyt of giel | read | 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) | swart of dûnkerblau | |
diamant | giel | swart | 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) | swart of dûnkerblau | ||
foarrangsbuorden | ||||||
foarrang jaan | trijehoeke oer de kop | wyt of giel | read | 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) | gjint | |
stopboerd | achthoeke | read | wyt | 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) | Stop† wite letters | |
rûn | wyt of giel | read | 0.9 m (grut), 0.6 m (lyts) | Stop† swarte of dûnkerblauwe letters yn in trijehoeke oer de kop | ||
foarrangsdyk | diamant | wyt | swart | 0.5 m (grut), 0.35 m (lyts) | giel of oranje fjouwerkant | |
ein foarrangsdyk | diamant | wyt | swart | 0.5 m (grut), 0.35 m (lyts) | gielof oranje fjouwerkant mei swarte of grize streken diagonaal oer it boerd hinne | |
foarrang foar tsjinlizzers | rûn | wyt of giel | read | net regele | swarte pylk dy't de foarrangsrjochting oanjout, reade pylk dy't foarrang jaan moat | |
foarrang oer tsjinlizzers | rjochthoekich | blau | gjint | net regele | wite pylk dy't foarrang oanjout, reade pylk dy't foarrang jaan moat | |
ferbodsbuorden | ||||||
standert ferbod | rûn | wyt of giel | read | 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) | swart of dûnkerblau | |
ferbean te parkearjen | rûn | blau | read | 0.6 m (grut), 0.2 m (lyts) | gjint | |
rûn | wyt of giel | read | 0.6 m (grut), 0.2 m (lyts) | earste letter, almeast "P"; swart of dûnkerblau | ||
ferbean te stopjen | rûn | blau | read | 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) | gjint | |
ein ferbod | rûn | wyt of giel | gjint | 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts) | swarte of grize diagonale streek | |
gebodsbuorden | ||||||
standert gebod | rûn | blau | gjint, wyt | 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts), 0.3 m (lytser) | wyt | |
rûn | wyt of giel | read | 0.6 m (grut), 0.4 m (lyts), 0.3 m (lytser) | swart of dûnkerblau | ||
Ferkear | ||||||
alle buorden | rjochthoekich | blau | net regele | net regele | wyt | |
ljocht | net regele | net regele | swart | |||
ynformaasjebuorden | ||||||
alle buorden | net regele | blau of grien | net regele | net regele | op wite of giele rjochthoeke | |
paadwizers | ||||||
ynformative buorden | rjochthoekich, punthoekich | ljocht | net regele | net regele | dûnker | |
dûnker | net regele | net regele | ljocht | |||
autodiken | rjochthoekich | blau of grien | net regele | net regele | wyt | |
tydlik | rjochthoekich | giel of oranje | net regele | net regele | swart | |
ekstra buorden | ||||||
alle buorden | net regele | wyt, blau of giel | swart, blau of read | net regele | swart of dûnkerblau | |
swart, read of dûnkerblau | wyt, blau of giel | net regele | wyt, blauof giel | |||
Soarte boerd | Foarm | Eftergrûn | Râne | Maat | Symboal | Foarbylden |
† Meast yn it Ingelsk of de nasjonale taal
It Ferdrach giet lykwols amper yn op de bebuording (paadwizers), en dêrom hat elts lân syn eigen ûntwerp en kleurkoaden. Der binne lykwols al in pear rjochtlinen dêroer sa as lêsberens (Latynsk skrift of njonken it eigen skrift) en bepaalde kleuren (allinnich grien of blau foar autodiken). Elts lân hat wol syn eigen doelekar en de kleuren ornearre foar de ferskillende doelen. Ek giel of oranje binne allinnich tydlik tastein foar omliedings of dykkonstruksje.
Dykmarkearring
It Ferdrach hat ek bepalings foar dykmarkearrings. Sokke markearringsmeie net heger as 6 mm wêze en katte-each-reflektors meie net mear as 15 mm boppe de weidek útstekke. De streken dy't de begrinzging fan de rydstripen oanjouwe moatte wyt of giel wêze.
De lingte en breedte fan de markearrings hingje ôf fan harren doel, alhoewol't der gjin presize maten foar binne. De measte diken hawwe in ûnderbrutsen streek yn it midden fan de dyk, dy't de rydstripen fan eltse rydrjochting skiede, wylst ûnderbrutsen streken yn bysûndere gefallen brûkt wurde moatte, sa as by in behindere sicht of nauwere rydbanen
Alle wurden dy't op de weidek ferve binne, moatte in plaknamme of maklik werom te kennen wurden, lykas "STOP" of "TAXI", befetsje.
Ferkearsljochten
It Ferdrach bepaalt de kleuren fan ferkearsljochten en harren betsjuttings, plakken en doelen:
Type | Foarm | Kleur | Plak | Betsjutting | |
---|---|---|---|---|---|
net-knipperljochten | fol | grien | krusing | trochride | |
giel of oranje | krusing, brêge, lofthaven, brânwachtstasjon, fearferfarplak | stopje as it mooglik is | |||
read | krusing | stopje | |||
read en giel/oranje | krusing | ljocht sil hast grien wurde | |||
pylk nei lofts | grien | krusing | allinnich ferkear nei lofts mei trochride | ||
pylk nei rjochts | grien | krusing | allinnich ferkear nei rjochts mei trochride | ||
pylk omheech | grien | krusing | allinnich ferkear rjochttroch mei trochride | ||
pylk nei ûnderen | grien | boppe rydstripe | ferkear mei yn dy bepaalde rydstripe trochride | ||
krús (×) | read | boppe rydstripe | ferkear mei dy bepaalde rydstripe net opride | ||
pylk skean nei ûnderen | giel/oranje of wyt | boppe rydstripe | rydstripe is sletten fierderop, wikselje fan stripe | ||
knipperljochten | fol | dûbeld read(hinne en wer) | krusing, brêge, lofthaven, brânwachtstasjon of fearferfarplak | stopje | |
moannewyt | krusing | trochride | |||
giel/oranje (knipperjend) | oeral útsein krusing | foarsichtich trochride | |||
giel/oranje (knipperjend) | krusing | foarrang wurdt bepaald troch foarrangsdyk of foarrang jaan of as gjint fan de normale regels fan tapassing binne. |
Lannen
De ferdrachssteaten dy't op dit stuit oansletten binne:
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.
|