It Ferdrach fan Snits fan 30 april 1498 markearret de ein fan de Fryske frijheid en it begjin fan de Saksentiid yn Fryslân. It ferdrach waard sletten tusken de Skieringers en Albrecht fan Saksen en wie de formele útwurking fan earder makke ôfspraken tusken de belutsen partijen. Hessel fan Martena wie ien fan de ûndertekeners fan it ferdrach. De hartoch fan Saksen wie sels net oanwêzich yn Snits, mar liet him fertsjintwurdige troch Wilwolt fan Schaumberch en Neithard Fuchs.
Mei it ferdrach fan Snits waard Albrecht fan Saksen earst allinnich erkend troch Westergoa, yn oktober 1498 soene Eastergoa en inkele gritenijen út de Sânwâlden folgje. Yn july 1499 komt Albrecht mei syn soan Hindrik nei Fryslân om him persoanlik ynhuldigje te litten.
Ynhâld
It ferdrach hâlde ûnder mear yn:
- Albrecht fan Saksen ferkrige fan de Skieringers in tal rjochten op it mêd fan festingbou, belêstingen, rjochtspraak, muntslach en it jaan fan benefysjes en lienen.
- De hartoch ûnthjitte de ynwenners fan Westergoa te beskermjen en nimmen tsjin syn wil bûten Fryslân foar it gerjocht te daagjen en bûten it oerienkommene gjin nije belêstingen of oare saken yn te fieren sûnder ynstimming fan de Friezen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
|