Mei it Ferdrach fan Lutatius kaam offisjeel in ein oan de Earste Punyske Oarloch. De namme fan it ferdrach komt fan Gaius Lutatius Katulus, de Romeinske konsul dy't de beslissende Slach by de Egadyske Eilannen yn 241 f.Kr. fan Kartago wûn hie. Hy ûnderhannele mei de Kartaachske generaal Hamilkar Barka en neffens skriuwer Polybius wiene de betingsten fan de oerienkomst:
- Kartago moast Sisylje ôfstean.
- Kartago mocht gjin kriich fiere mei Syrakuse of syn bûnsmaten.
- Kartago moast alle kriichsfinzenen frijlitte.
- Kartago moast in skeafergoeding fan 2200 talinten (66 ton) fan sulver betelje yn 20 jierlikse terminen.
Ynearsten waard it troch it Romeinske folk fersmiten, mar dy betingsten waarden lang om let mei in pear feroarings oannommen troch Kwintus Lutatius Serko, de broer fan Gaius Lutatius Kalutus. Yn de oanpaste oerienkomst waard besletten dat Kartago mar tsien jier tiid hie om in skeafergoeding fan 3200 talinten (96 ton) werom te beteljen en dat it de eilannen tusken Sisylje en Itaalje, Ustika en de Eolyske Eilannen, en de Egadyske Eilannen, oan de westkust fan Sisylje, ek ôfstean moatte.
Boarne
J.F. Lazenby, First Punic War: A Military History. Stanford University Press, 1996.