Ferdinand Magellaan

Ferdinand Magellaan (1480 - 27 april 1521) wie in Portugeesk ûntdekkingsreizger. Yn it Portugeesk hjit hy Fernão de Magalhães, yn it Spaansk: Hernando de Magallanes.

Magellaan waard yn in aadlike Portugeeske famylje berne yn Sabrosa en hat ferskeidene tochten makke nei it Fiere Easten. Yn 1510 waard hy befoardere ta kaptein, mar yn 1513 yn Marokko rûn hy ferwûnings op dy't him foar it libben kreupel makken. Hy frege by it Portugeeske keningshûs om in ferheging fan syn útkearings.

Doe't him dat wegere waard gie hy nei de Spaanske kening en helle him oer om in ekspedysje te stypjen om in westlike rûte nei de Molukken te finen. Spanje gong op dit fersyk yn om't de Portugezen de eastlike route kontrolearren.

Untdekkingsreizen

Magellaan sette mei fiif skippen ôf út Sanlucar de Barrameda op 20 septimber 1519 en kaam op 31 maart 1520 oan by de Rio de la Plata. Seis moanne lang bleau hy yn San Julian. Hy oerkaam in oproer en sylde nei de 'strjitte', dy't syn namme krije soe.

Magellaans reis om de wrâld

Nei 38 dagen en 530 kilometer farren kaam hy by de oseaan dy't hy de Stille Oseaan neamde trochdat it wetter sa kalm wie. Trije skippen hiene oant dan, 28 novimber 1520, de tocht folhâlden.

Magellaan ûntduts noch de Marianen en de Filipinen. Op 7 april berikte hy Cebu. Dêr gong hy op 27 april de striid oan mee in lokale hearsker fan it eilân Mactan. Dizze hearsker wegere him te bekearen ta it katolisisme troch Magellaan. Under dizze striid op Mactan sneuvele Magellaan.

Mar ien fan de fiif skippen dy't op 20 septimber 1519 útfearn wiene makken úteinlik de reis om de wrâld ôf. It skip De Victoria kaam op 6 septimber 1522 ûnder lieding fan Juan Sebastián Elcano yn it Spaanske Sevilla oan.

Nei him binne de Magelhaenske wolken neamd, twa ljochtsjende wolken fan stjerren dy't satellytstelsels binne fan ús Molkenpaadstelsel.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.