It Ferbiningskanaal is in wetter yn de gemeente Ljouwert. It kanaal ferbynt de Harnzer Feart fanút Ljouwert mei it Van Harinxmakanaal besuden Ljouwert.

De Harnzer Feart en it Van Harinxmakanaal foarmje beide de ferbining tusken Ljouwert en Harns, en foar grutte stikken is foar it Van Harinxmakanaal deselde rin brûkt as foar de âldere feart. It Van Harinxmakanaal leit lykwols oan de súdkante fan de stêd, wylst de Harnzer Feart begjint by de Stedsgrêft en nei Deinum ta troch de trije rakken rint: Biskopsrak, Sylster Rak en Deinumer Rak. Dêr't it wetter de Harnzer Feart oanslút op it Biskopsrak jout it ferbiningskanaal daalks tagong ta it Van Harinxmakanaal. Sa is de stêdsgrêft nei it westen frekt ferbûn mei it Van Harinxmakanaal.

De namme Ferbiningskanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere namme Verbindingskanaal.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.