Fenna Zeinstra (Snits, 8 maaie 1987) is in keatster en follybalster út Boalsert, dy't sûnt 2005 selektearre haadklasser wie (keatsen) en sûnt 2007 ek yn it earste team fan VC Sneek útkaam (follybal).
Famylje
Fenna, folút Fenna Sietske Zeinstra is de jongste fan twa bern fan Leo Zeinstra en Annemiek Huitema.
Prizen (keatsen)
Tegearre mei Géjanna Buma en Afke Walstra foarme se it ôfdielingspartoer foar Boalsert. Yn 2000 wûn Fenna tegearre mei har suster Leonie Zeinstra as in twafammen partoer de earste Ald-Meiers Partij. Yn 2004 wie Zeinstra yn it jierklassemint by de famkes earste mei 49 punten. Yn 2007 en 2011 waard Fenna Zeinstra keninginne op de Froulju's PC.
Prizen (follybal)
Zeinstra is twa kear lânskampioen wêst mei VC Sneek.[1]
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.