fjildgriis
kleurkoördinaten
heksadesimaal#4D5D53
RGBª (r, g, b)(77, 93, 83)
CMYKº (c, m, y, k)(17, 0, 11, 64)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Fjildgriis (Dútsk: feldgrau) is in grize kleur dy't yn guon tinten wat útskaait nei grienens. It wie de offisjele kleur fan 'e militêre unifoarmen fan 'e lânmacht fan Dútslân tusken 1907 en 1945. De lânmachten fan ferskate oare lannen brûkten of brûke ek unifoarmen yn dy kleur.

Dútslân

Oant it begjin fan 'e tweintichste iuw droegen militêren fan 'e Dútske lânmacht almeast in militêr unifoarm yn Prusysk blau. Utsûnderings wiene de ynfantery fan it Keninkryk Beieren, dy't ljochtblauwe unifoarmen hie, de jagers, dy't yn dûnkergrien klaaid wiene, en de kavalery, dy't in wiid ferskaat oan kleuren brûkte. Blau en de measte oare kleuren wiene lykwols fierstente opfallend foar moderne oarlochfiering, dy't om skutkleuren frege. Dêrom waard yn 1907 by keninklik dekreet yn Prusen in nij unifoarm ynfierd yn in grienich grize kleur dy't feldgrau (fjildgriis) kaam te hjitten. De net-Prusyske kontinginten fan it Deutsches Heer, it Keizerlike Dútske Leger, folgen dat foarbyld, oant it Beierske Leger yn april 1916, doe't de Earste Wrâldoarloch al lang en breed oan 'e gong wie, úteinlings as lêste oergie ta ynfiering fan fjildgrize unifoarmen.

In pear ofsieren fan 'e Wehrmacht yn fjildgrize unifoarmen by Stalingrad yn 1942.

Oant de útbraak fan 'e Earste Wrâldoarloch waarden de fjildgrize unifoarmen inkeld droegen by aktive oefenings. Yn 'e kazerne hiene de soldaten in unifoarm oan dat brutsen wyt fan kleur wie, wylst de tradisjonele kleurrike unifoarmen yn gebrûk bleaune foar militêre parades en frije tiid. It fjildgrize unifoarm waard sels yn Prusen pas yn 1914 deistige dracht. Underfinings op it slachfjild laten yn 1915 ta it oannimmen fan in dûnkere griis-griene kleur, dy't de oantsjutting stiengriis (steingrau) krige. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard fjildgriis wer de kleur fan 'e unifoarmen fan 'e Reichswehr, de lânmacht fan 'e Weimarrepublyk fan 1918 oant 1935. Dêrnei naam de Wehrmacht, de lânmacht fan nazy-Dútslân, fan 1937 oant 1945 in dûnkerder kleur griis oan as unifoarmkleur. It is dy tint dy't tsjintwurdich almeast as fjildgriis oantsjut wurdt.

De kleur fan 'e unifoarmen fan it Eastenrykske Bundesheer.

Neitiid wiene de unifoarmen fan 'e Nationale Volksarmee fan 'e Dútske Demokratyske Republyk fan 1956 oant 1989 in ljochtere kleur griis dy't wer stiengriis (Steingrau) neamd waard. By de Bundeswehr, de lânmacht fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân, kaam yn 1956 as útgeanstenu in noch ljochtere grize fariant yn gebrûk, dy't "stofgriis" (staubgrau) of "ljochtgriis" (hellgrau) neamd waard.

Oare lannen

Eastenryk-Hongarije fierde yn 1909 in ljochtgrizige kleur dy't wat nei blau útskaaide yn as unifoarmkleur foar it Keizerlike en Keninklike Leger. Dy kleur, dy't "snoekgriis" (hechtgrau) neamd waard, bliek lykwols op it slachfjild fan 'e Earste Wrâldoarloch net te foldwaan en waard dêrom yn 1915 ferfongen troch fjildgriis. Sûnt hat de Eastenrykske kriichsmacht, it Bundesheer, altyd fjildgrize unifoarmen droegen, hoewol't dêrnjonken tsjintwurdich ek unifoarmen yn gebrûk binne yn 'e kleuren stiengriis (steingrau), brúngriis (braungrau) en NATO-oliif (NATO-oliv).

De Finske Lânmacht draacht sûnt 1918 unifoarmen dy't griis binne. It hjoeddeistige unifoarm is basearre op it unifoarm fan 'e Dútske Wehrmacht út 1944. De grize kleur wurdt kenttäharmaa neamd, wat letterlik "fjildgriis" betsjut. Ek by de Sweedske Lânmacht wie yn it ferline in griis unifoarm yn gebrûk dat sterk op dat fan 'e Wehrmacht liek. It Sileenske Leger draacht noch altyd útgeanstenu's yn fjildgriis, hoewol't it fjildtenu legergrien is.

Utgeanstenu fan 'e Bundeswehr, mei in hellgrau jaske oer in feldgraue broek.

Tinten

De wichtichste tinten fjildgriis binne:

fjildgriis (feldgrau) #5d5d3d                          Deutsches Heer 1907–1918, Reichswehr 1918–1935
fjildgriis (feldgrau) #4D5D53        Wehrmacht 1937–1945
stiengriis (steingrau) #555548        Nationale Volksarmee fan 'e DDR 1956–1989
kakigriis (khakigrau) #6A5F31        oarspronklike namme: griisgrien (graugrün)
griengriis (grüngrau) #4D5645        oarspronklike namme: fjildgriis nû. 2 (felgrau Nr. 2)
fjildgriis of stiengriis #464531        Eastenrykske Bundesheer 1918–no
antrasytgriis (anthrazitgrau) #293133        alternative unifoarmkleur fan 'e Wehrmacht
swartgriis (schwarzgrau) #23282B        alternative unifoarmkleur fan 'e Wehrmacht sûnt 1937 ûnder de namme dûnkergriis (dunkelgrau)
stofgriis (staubgrau) #7C7F7E        sûnt 1956 brûkt troch de Bundeswehr foar útgeanstenu's ûnder de namme ljochtgriis (hellgrau)

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.