Federico García Lorca | ||
skriuwer | ||
Federico García Lorca yn 1932. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 5 juny 1898 | |
berteplak | Fuente Vaqueros (Spanje) | |
stoarn | 19 augustus 1936 | |
stjerplak | Viznar (Spanje) | |
etnisiteit | Andalûsysk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | toaniel, poëzij, senario's, reisferhalen | |
perioade | Ynterbellum | |
streaming | modernisme | |
bekendste wurk(en) | Amor de Don Perlimpín con Belisa en Su Jardín Bodas de Sangre Yerma La Casa de Bernarda Alba | |
jierren aktyf | 1918 – 1936 | |
offisjele webside | ||
www.garcia-lorca.org |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Federico del Sagrado Corazón de Jesús. De earste efternamme (fan heitekant) is García, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Lorca. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm García of oars García Lorca brûkt wurde.
Federico García Lorca (Spaanske útspraak: [feðeˈɾiko ɣarˈθi.a ˈlorka]; folút: Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca; Fuente Vaqueros, 5 juny 1898 – Viznar, 19 augustus 1936) wie in progressyf Spaansk toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur, dy't ynternasjonale erkenning krige as it boechbyld fan 'e Generaasje fan '27. As iepentlik homoseksueel en elitêre modernist mei loftse politike en maatskiplike ideeën stied er foar alles dat troch de reäksjonêre faksisten fan generaal Franco ferspijd waard. Oan it begjin fan 'e Spaanske Boargeroarloch, doe't er 38 jier wie, waard er as ûnderdiel fan 'e rjochtse terreur fermoarde troch de frankwisten. García Lorca wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e grutste dichters dy't Spanje ea fuortbrocht hat en ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan 'e tweintichste-iuwske wrâldliteratuer. Syn wurken binne yn withoefolle talen oerset.
Libben
García Lorca wie in bereizge, mar geastlik tramtearre man út in rike famylje, dy't sûnt syn studintetiid, doe't er rjochten en filosofy studearre hie, kunde hie oan 'e komponist Manuel de Falla, de sineast Luis Buñuel en de skilder Salvador Dalí, op wa't er fereale waard. Hy skreau syn earste toanielstik, El Maleficio de la Mariposa ("De Flinter syn Tsjoede Bestjoening"), en liet it ek opfiere, yn 1920. It wie in stik yn fersen oer de ûnmooglike leafde tusken in kakkerlak en in flinter, en it waard al nei fjouwer opfierings ôfblaasd om't it publyk it net wurdearje koe. Syn earste dichtbondel publisearre er yn 1921.
Geandewei de jierren tweintich rekke er almar mear behelle yn 'e Spaanske avant-garde. Syn Romancero Gitano ("Sigeunerballade"), út 1928, waard syn bekendste dichtwurk en brocht him rom en ferneamdens net inkeld yn Spanje, mar ek yn Latynsk-Amearika. Troch syn homoseksualiteit, yn dy tiid noch op syn bêst in maatskiplik taboe en op syn minst in krimineel fergryp dêr't men jierren foar it tichthús yndraaie koe, kaam er geastlik almar mear yn 'e knipe en rekke er yn djippe depresjes. Syn famylje, dy't fan syn swierrichheden (sij it faaks net fan 'e oarsaak derfan) ôfwist, beävensearre yn 1929-1930 in lange reis nei de Feriene Steaten en Kuba foar him. Yn New York studearre er Ingelsk, mar hy wie mear dwaande mei syn skriuwwurk as mei syn stúdzje.
García Lorca syn weromkear nei Spanje, yn 1930, foel gear mei de fal fan Primo de Rivera syn diktatuer en de werfêstiging fan 'e Spaanske Republyk. Yn 1931 waard er oansteld as regisseur fan in teäterselskip fan studinten, Teatro Universitario de Barraca, dat op kosten fan it nije regear de opdracht krige om fergese foarstellings fan klassike Spaanske stikken yn ôfhandige, ferearmoede úthoeken fan it Spaanske plattelân op te fieren, om sa de meast efterstelden ûnder de Spaanske befolking yn 'e kunde komme te litten mei sok kultuerguod. Wylst er mei syn selskip op toernee wie, skreau García Lorca syn meast ferneamde toanielstikken, de offisjeuze "Plattelânstrilogy" fan Bodas de Sangre ("Bloedbrulloft"), Yerma en La Casa de Bernarda Alba (It Hûs fan Bernarda Alba).
Dea
Doe't de Spaanske Boargeroarloch útbriek, wie García Lorca thús by syn famylje, yn Granada. Op 18 augustus waard de sosjalistyske boargemaster fan Granada, Manuel Fernández-Montesinos, deasketten. Dyseldichste middeis waard García Lorca oppakt. Men giet derfan út dat er de oare deis fermoarde is troch de faksistyske milysje, mooglik yn 'e mande mei trije oaren, Joaquin Arcollas Cabezas, Francisco Galadi Mergal and Dioscoro Galindo Gonzalez, op in plak dat Fuente Grande ("Grutte Fontein") hjit en oan 'e wei fan Viznar nei Alfacar leit.
Yn 2008 waard it ûndersyk nei García Lorca syn dea weriepene en waard der by Fuente Grande besocht om syn grêf te finen, mar dat wie om 'e nocht. Under it regear fan Franco is in protte bewiis foar de faksistyske terreur út 'e jierren tritich en letter ferneatige. It bliuwt ûndúdlik wêr't it lêste rêstplak fan Federico García Lorca is.
Wurken
Dichtbondels
- 1921: Libro de Poemas
- 1927: Canciones
- Nederlânske oersetting: Liedjes (fert. Bart Vonck, 1997)
- 1928: Odes
- 1928: Romancero Gitano
- Nederlânske oersetting: Zigeunerromances (fert. Bart Vonck, 1996)
- 1931: Poema del Cante Jondo
- Nederlânske oersetting: Het Gedicht van de Cante Jondo (fert. Bart Vonck, 1998)
- 1935: Llanto por Ignacio Sánchez Mejías
- Nederlânske oersetting: Klaagzang voor Ignacio Sánchez Mejías (fert. Dolf Verspoor, 1987)
- 1935: Seis Poemas Gallegos
- 1936: Primeras Canciones
- Nederlânske oersetting: Verspreide Gedichten (fert. Bart Vonck, 2002)
- 1940: Poeta en Nueva York
- Nederlânske oersetting: Dichter in New York (fert. Dolf Verspoor, 1991)
- 1940: Diván del Tamarit
- Nederlânske oersetting: Divan van de Tamarit (fert. Bart Vonck, 2000)
- 1983: Sonetos del Amor Oscuro
- 1983: Suites
- Nederlânske oersetting: Suites (fert. Bart Vonck, 1998)
Proaza
- 1918: Impresiones y Paisajes
- Nederlânske oersetting: Impressies van Spanje (fert. Barber van de Pol, 1998)
Toanielstikken
- 1920: El Maleficio de la Mariposa
- 1925: Los Títeres de Cachiporra
- 1923: Retablillo de Don Cristóbal
- Nederlânske oersetting: Lied van de Harlekijn (fert. Dolf Verspoor, 1980)
- 1925: Mariana Pineda
- 1930: La Zapatera Prodigiosa (op 'e nij besjoen yn 1933)
- Nederlânske oersetting: Het Fantastische Schoenlappersvrouwtje (fert. Dolf Verspoor, 1967)
- 1928: Amor de Don Perlimpín con Belisa en Su Jardín
- Fryske oersetting: De Leafde fan Don Perlimpín en Belisa yn Syn Tún (fert. Klaas Bruinsma, 1986)
- 1930: El Público
- 1931: Así que Pasen Cinco Años
- 1932: Bodas de Sangre
- Fryske oersetting: De Bloedbrulloft (fert. Klaas Bruinsma, 19??)
- Nederlânske oersetting: Bloedbruiloft (fert. Dolf Verspoor, 1985)
- 1934: Yerma
- Fryske oersetting: Yerma (fert. Klaas Bruinsma, 19??)
- Nederlânske oersetting: Yerma (fert. Dolf Verspoor, 1968)
- Nederlânske oersetting: Yerma Vraagt een Toefeling (fert. Dimitri Verhulst, 2005)
- 1935: Doña Rosita la Soltera o Las Lenguaje de las Flores
- Fryske oersetting: Doña Rosita Is Frij Faam of De Taal fan de Blommen (fert. Klaas Bruinsma, 19??)
- 1936: Comedia sin Título
- 1936: La Casa de Bernarda Alba
- Fryske oersetting: It Hûs fan Bernarda Alba (fert. Klaas Bruinsma, 1989)
- Nederlânske oersetting: Het Huis van Bernarda Alba (fert. Dolf Verspoor, 1967)
- Nederlânske oersetting: (fert. Het Huis van Bernarda Alba Hugo Claus, 1988)
- 1936: Los Sueños de Mi Prima Aurelia (ûnfoltôge)
Koarte Toanielstikken
- 1928: El Paseo de Buster Keaton
- 1928: La Doncella, el Marinero y el Estudiante
- 1928: Quimera
Filmskripts
- 1929: Viaje a la Luna
Opera's
- 1923: Lola, la Comedianta (tegearre mei Manuel de Falla, ûnfoltôge)
Oare Nederlânske oersettings
- 2007: De Mooiste Gedichten van Federico García Lorca (fert. Bart Vonck)
- 2009: Verzamelde Gedichten (fert. Bart Vonck)
- 2010: Duende en Andere Nieuw Vertaalde Teksten (fert. Bart Vonck)