Fedde Schurerpriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foardebút yn literatuer
útrikt trochprovinsje Fryslân
frekwinsje1x yn de 3 jier
plakLjouwert (Fryslân)
ynsteld1984
1e útrikking1984
opheft2012
offisjele webside
gjint

De Fedde Schurerpriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis foar debutanten, neamd nei Fedde Schurer. De priis is foar it earst útrikt yn 1984, en bestie doe út in oarkonde en in bedrach fan 1500 gûne. De priis wurdt útrikt op it Provinsjehûs, tagelyk mei de Dr. Obe Postmapriis. Yn 2005 waard der foar it earst ek in publykspriis takend.

Yn 2012 is de priis opheft en is de Douwe Tammingapriis de Fryske literêre debútpriis wurden.

Priiswinners

Om't de priis útrikt wurdt oan immen dy yn in beskaat literêr sjenre debutearret, is it somtiden sa dat ien dy't al mear skreaun hat de priis takend krijt foar wurk yn in foar dy skriuwer nij sjenre.

Publykspriis

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.