De wijing fan Sint-Fedastus

Fedastus, Fedast of Sint-Vaast (Frânsk: Sain-Gaston), berne by Limoges om 453 hinne, stoarn yn Arras op 6 febrewaris 539, wie in iere biskop yn it Frankyske keninkryk.

Yn it begjin fan de sechsde iuw krige Sint-Remigius fan Reims, dy't biskop wie dêre, de goedkarring fan it Frankysk keninklik hof en stel de Katolike hierargy yn yn it noarden fan Galje. Hy tabetroude it Bisdom Arras en it Aartsbisdom Cambrai oan Fedastus, dy't de master fan kening Klovis I wie nei de oerwinning by de Slach by Tolbiak, en dy't meiholp mei de bekearing fan de Frankyske kening.

Libbensrin

As in jongfeint ferliet Fedastus syn eigen lân (nei alle gedachten it westen fan Frankryk) en late in hillich libben ôfskaat fan de wrâld yn it bisom Toul. De biskop murk dat op, en wijde him ta preester. Klovis, de kening fan de Franken, wylst er weromkaam fan syn oerwinning op de Alemannen, hastige him nei Reims om dêre doopt te wurden. Hy stoppe yn Toul om help te freegjen fan in preester. Fedastus waard oanwiisd en gean mei de kening mei. Fedastus waard justjes letter Klovis syn adviseur.

Yn 499 neamde Remigius him ta de earste biskop fan Arras, en om 510 hinne krige er ek de superfyzje oer Cambrai.

Hy ferstoar op 6 febrewaris 539 en de Abdij fan Sint-Vaast waard ta syn eare nei him ferneamd. Syn feestdei is op 6 febrewaris.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.