De Dokwurker yn Amsterdam

De Febrewarisstaking wie in staking yn de Twadde Wrâldkriich dy't ûntstie as in protest tsjin de wize dêr't de joaden troch de Dútsers op behannele waarden.

De direkte oanlieding wienen twa razzia's op it Jonas Daniël Meijerplein te Amsterdam, op 22 en 23 febrewaris 1941. De yllegale CPN hold in ferbeane iepenbiere gearkomste op de Noordermarkt, en ferfolgens bruts op 25 febrewaris in staking út, dy't de folgjende dei oersloech nei de Saanstreek, Kinmerlân, It Goai, en de stêd Utert.

Mei bluodrich geweld waard de staking brutsen. De Dútsers beskeaten de stakers en twongen har wer oan it wurk te gean. By it geweld foelen njoggen deaden en waarden fjouwerentweintich swier ferwûne. As gefolch fan de staking iepenen de besetters de jacht op CPN-leden. Dêrtroch koe in nije staking, dy't foar 6 maart plend stie net útein sette.

Op 13 maart 1941 waarden op de Waalsdorperflakte by Skeveningen de earste trije kommunistyske febrewarisstakers (Joop Eyl, Ward Hellendoorn en Herman Coenradi) troch in Dútsk fljoerpeloton fusillearre. Utsein de trije kommunisten waarden ek noch oare fersetslju deasketten. Yn de arrestaasjeweach dy't folge op de staking, soenen yn de simmer fan 1941 sirka 300 kommunisten út de grutte stêden oppakt wurde.

Alle jierren wurdt de staking betocht op it Jonas Daniël Meijerplein, by it stânbyld De Dokwurker. Oan de súdside fan de "Noorderkerk" is in tablet oanbrocht dy't de staking yn it ûnthâld bringt.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.