In fearhûs wie in plak foar reizgers om yn of út in trekskûte te stappen of om fracht yn of út te laden.
Op in soad âlde kaarten en almenakken steane fearhuzen oanjûn út de tiid dat de trekskûte in wichtich ferfiermiddel wie. Yn Ljouwert wiene mear as tweintich fearhuzen dy't meastentiids de namme fan it plak of stêd hienen. It âlde Amelanner fearhûs yn Ljouwert (hoeke Flyt Noardside) hat noch syn gevelstien. Ek yn in sydmuorre fan it Sint Anthonygasthûs sit een gevelstien fan in fearhûs. It Kollumer Fearhûs stiet oan de Keppelstrjitte yn Dokkum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.