Feankoloanjes binne delsettings dy't nei 1600 ûntstien binne troch heechfeanferfeanting, yn Fryslân plakken as Drachten, Surhústerfean en De Gordyk, hoewol't troch turfgraverij ûntstiene delsettings yn de leechfeangebieten eins ek feankoloanjes binne. Yn har dúdlikste foarm hawwe feankoloanjes in krúsbebouwing om it snijpunt fan de wei en feart: de brêge.

Mei de Feankoloanjes (Veenkoloniën) wurdt meast doeld op de kriten yn it easten fan de Nederlânske provinsjes Grinslân en Drinte. Dêr lei it Bourtangermoeras dat fan likernôch it jier 1600 ôf oan yn kultuer brocht waard.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.