Farsk wie in literêr ynternet-tydskrift (ISSN 1570-5900). Mei it earste nûmer waard útein set op 21 febrewaris 2003 troch Abe de Vries dy't earder redakteur wie by Kistwurk. Utsein de digitale ferzje, dêr't ien kear yn de fjirtjin dagen in nije ferzje fan útkaam, wiene der ek papieren temanûmers, de Farskskriften. Fierders waarden jierboeken útbrocht, seleksjes út de digitale ferzje.
De earste redaksje fan Farsk bestie njonken Abe de Vries út Jetske Bilker, Albertina Soepboer en Marc Kooij. Oare redaksjeleden wienen Cornelis van der Wal, Elske Schotanus, Ruurdtje de Haan, Joke Corporaal en Henk Wolf. Yn oktober 2007 wie Ytsje Hoekstra haadredakteur, Inge Heslinga poëzyredakteur en IJsbrand van den Berg proazaredakteur.
Yn 2004 hat Farsk 45.000 besikers lutsen, sawat it dûbele fan 2003 (23.000).
Fúzje Hjir en Farsk
De redaksjes fan it papieren tydskrift Hjir en Farsk hawwe yn 2007 besletten op redaksjoneel mêd gear te wurkjen en yn te setten op in fúzje, dy't ta in nij literêr blêd laat hat, Ensafh. It jier 2008 wie in oergongsjier en de fúzje krige yn 2009 folslein syn beslach. Doel fan de fúzje wie dat "it bêste fan de twa (...) tydskriften fierder ûntwikkele en útboud [waarden] ta in nije formule, fan in multimediaal en ynteraktyf Frysk literêr blêd, mei in professioneel budzjet.[1] Op ynternet én op papier; fertroud as boek, mar ek mei alle nije digitale foarmen dy’t it ynternet opsmite kin."[2]
Fuortsetting as Fers2
Om't ein 2014 it fúzjedoel fan Ensafh net helle wie[3] en dêrneist alle Fryske yntellektuele en krityske literêre poadia weifallen wiene, is it Fryske literêre online tydskrift Fers2 oprjochte, mei in ferlykber profyl as Farsk, mar folslein ûnôfhinklik en 'no budget'.
Keppeling om utens
- Farsk - Literêr ynternet-tydskrift op Internet Archive (2003-2009).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|