De Fandaalske oarloch waard yn Noard-Afrika útfochten, dêr't yn distiid Tuneezje, East-Algerije en West-Lybje lizze. De kriich duorre fan 533 oant 534 en makke diel út fan it ambisjeuze plan fan Eastromeinske Justinianus I om it Westen werom te oermasterjen, dêr't de foartiids Germaanske bûnsmaten fan de Romeinen eigen keninkriken stifte hiene.

De oarloch tsjin de Fandalen duorre yn totaal twa jierren, wêrnei't de Byzantinen it Fandaalske ryk oermastere hienen. Der fûnen twa grutte fjildslaggen plak, dy't alle kearen troch de Romeinen wûn waarden. Nei de oerwinning by Tricameron koe it Fandalenryk maklik ûnder de foet rûn wurde wêrtroch it Romeinske bewâld op 'e nij festige wurde.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.