It Falleikanaal yn Feanendaal
It Falleikanaal tusken Leusden en Scherpenzeel
It Falleikanaal yn Amersfoart
wetterkearing mei rjochts in fisktreppen

It Falleikanaal is in kanaal fan ûngefear 40 km lang yn de provinsjes Utert en Gelderlân. De namme is ûntliend oan de Gelderske Fallei, dêr't it kanaal trochhinne streamt. It doel fan it kanaal is de ôfwettering fan dyselde fallei en dus it foarkommen fan wetteroerlêst. Oan de westkant fan it kanaal is in begroeide hege wâl, oan de eastkant rint in fytspaad fan Leusden oan Feanendaal ta.

Lizzing

It kanaal rint fan de Nederryn by Renen (oan de foet fan de Grebbeberch) nei de Iem yn Amersfoart. Op ferskate plakken foarmet it kanaal de grins tusken Utert en Gelderlân. De plakken dêr't it Falleikanaal trochhinne of lâns rint, binne:

Oanlis

It Falleikanaal yn syn hjoeddeiske foarm waard oanlein yn de perioade 1935-1941 yn it ramt fan de wurkferskaffing: diels ta fersterking fan de Grebbelynje, diels ta ferbettering fan de ôfwettering fan de Gelderske fallei. Dielen fan it kanaal bestean lykwols al folle langer, it stik tusken Renen en Feanendaal waard bygelyks al yn de Midsiuwen groeven en is sûnttiid bekend ûnder de namme Biskop Davids-grift of koartwei Grift. Op de hichte fan Wâldenberch folget it diels de eardere rin fan de Lunterske Beek, ter hichte fan Leusden dat fan de Modderbeek.

Fersmoarging

It kanaal hat in soad fersmoarge slib. By Overberch waard yn 2004 baggere om dit probleem op te lossen.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.