| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Fal fan Konstantinopel wie de oermastering fan de haadstêd fan it Byzantynske Ryk troch it Ottomaanske leger op 29 maaie 1453. De oanfal stie ûnder lieding fan de doe 21 jier âlde sultan Mehmed II, dy't it leger fan keizer Konstantyn XI Palaiologos fersloech en de keizerlike haadstêd ynnaam. Dêrmei kaam in ein oan in belis fan 53 dagen, dat begûn op 6 april 1453. Nei de oermastering fan de stêd ferfongen de Ottomanen Edirne as haadstêd troch Konstantinopel en waard Konstantinopel de hôfstêd fan de sultan. De oermastering fan Konstantinopel leverde de sultan de bynamme "Mehmet de Oermasterer" op.
Mei de oermastering fan de stêd (en al gau dêrnei ek de oare Byzantynske besittings) kaam in ein oan it Romeinske Ryk, in steat dy't sûnt 27 foar Kristus en hast 1.500 jier bestien hie. De troepen fan Mehmet II mochten de stêd nei de oermastering trije dagen plonderje en de likernôch 30.000 ynwenners fan de stêd waarden as slaven ferkocht. De grutste tsjerke fan it Byzantynske Ryk, de Hagia Sofia, waard transformearre yn in moskee. De Ottomanen bleaune de stêd Konstantiniyye neamen, de Arabyske namme fan Konstantinopel. Net earder dan yn 1930 krige de stêd offisjeel de hjoeddeiske namme Istanbûl.
It oermasterjen fan de stêd troch de Ottomanen sloech ek in ûnbidich gat yn de ferdigening fan it Europeeske kontinint. Sûnder lykweardige tsjinstanner koene de islamityske legers no sûnder grutte wjerstân fierder trochstjitte yn it kristlike Europa.
Dêrnjonken wie it ferlies fan Konstantinopel in kearpunt yn de militêre skiednis. Foar lange tiid foarmen stiennen muorren en hege wâlen de ferdigening fan stêden tsjin ynkringers. De ymponearjende muorren fan Konstantinopel hiene model stien foar de stêden yn it Middellânske Seegebiet en Europa en lang wiene dy muorren. Mar de Ottomanen wisten mei it brûken fan buskrûd de stêd lang om let op de knibbels te krijen.
De oermastering fan Konstantinopel en it ein fan it Byzantynske Ryk betsjutte in wichtich barren yn de skiednis en neffens guon skiedkundigen foarmet de fal fan de stêd ek it ein fan de midsiuwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Fall of Constantinople
|