It baaiplak Torremolinos, yn Spanje.

In fakânsje (fan it Latynske vacatio(nis), "ferlof") is in meardeiske perioade wêryn't minsken ophâlde mei harren gewoanlike deistige aktiviteiten. Men giet dan net nei skoalle, leit jins stúdzje stil en docht gjin betelle wurk. De dêrtroch frijkommen tiid wurdt ornaris folle mei rekreaasje of toerisme. Ek bringt men tiid troch mei famylje en/of freonen. Fierders wurdt fakânsje ek wol oangrepen om putsjes te dwaan dêr't men oars net oan takomt, lykas in it fervjen fan jins hûs, in lytse ferbouwing binnendoar of it op 'e nij bestrjitsjen fan 'e oprit. In langere perioade fan it ûnderbrekken fan 'e gewoanlike aktiviteiten wurdt wol in sabbatical neamd.

Histoarysk ûntstie fakânsje yn 'e moderne sin fan it wurd pas omtrint 1850, en kaam it fuort út 'e saneamde Grand Tour, dy't de riken fan it Feriene Keninkryk by plakken út 'e Klassike Aldheid yn Itaalje en Grikelân lâns makken. Letter soargen it krewearjen fan ûnderwiisherfoarmers en de opkomst fan it sosjalisme derfoar dat der fakânsje foar hast eltsenien kaam. Yn 'e rin 'e jierren waarden sadwaande regels ynfierd dy't de lingte fan fakânsjes bepaalden foar learlingen, studinten, wurknimmers, amtners en beskate groepen selsstannigen. Likernôch fan 1960 ôf makke it ferskynsel 'fakânsje' in sterke groei troch. Fan dy tiid ôf waard it ek normaal (want foar hast eltsenien betelber) dat men yn 'e fakânsje fan hûs gie.

Wat dat oangiet, besteane der ferskate manearen om 'e fakânsje troch te bringen:

  • troch te kampearjen op in camping;
  • troch mei de caravan efter de auto op reis te gean;
  • troch in reis, ornaris nei it bûtenlân, te boeken by in reisburo en dêr mei in touringcar of it fleantúch hinne te reizgjen.

Yn it lêste gefal giet it simmerdeis faak om in saneamde strânfakânsje nei in waarm baaiplak (bgl. Benidorm, Torremolinos of Lloret de Mar) of eilân (bgl. Majorka, Korfû of Kreta), dêr't men de tiid trochbringt mei sinnebaaien, swimmen yn see en feestfieren. By 't winter giet men lykwols ornaris op wintersportfakânsje nei kâlde lannen (lykas Switserlân of Eastenryk), om te skyen en te feestfieren yn 'e après-ski.

Yn Nederlân besteane (of bestiene) de folgjende skoalfakânsjes:

  • hjerstfakânsje (mids oant ein oktober)
  • krystfakânsje (ein desimber oant begjin jannewaris)
  • foarjiersfakânsje (ein febrewaris en/of begjin maart) (foarhinne de krookjefakânsje)
  • peaskefakânsje (de wyks nei Peaske) (bestiet net mear)
  • maaiefakânsje (ein april oant begjin maaie) (is yn it plak kommen foar de peaskefakânsje)
  • simmerfakânsje of grutte fakânsje (ein juny of mids july oant mids augustus of begjin septimber)

Utsein de krystfakânsje en de maaiefakânsje is Nederlân foar de skoalfakânsjes opdield yn trije regio's: Noard, Midden en Súd; Fryslân heart by de regio Noard. It begjin (en dêrtroch ek de ein) fan 'e fakânsjes ferskilt yn dy regio's om 'e trochstream op 'e wegen te befoarderjen (fan minsken dy't op fakânsje geane of derfan weromkomme).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.