FVWM-Crystal
In skerm mei FVWM-Crystal
Leech buroblêd mei standerteftergrûn

Untwikkelder Dominique Michel
Meast resinte ferzje 3.4.1/ 6 jannewaris 2016
Platfoarm Linux, Unix
Kategory Buroblêdomjouwing
Lisinsje GPL 3+
Webstee (in) fvwm-crystal.sourceforge.net

FVWM-Crystal is in lytse buroblêdomjouwing basearre op FVWM, in finsterbehearder foar X11. De oarspronklike ferzje waard yn 2010 útbrocht.

Oersetting nei it Frysk

Yn 2015 is der in Fryske oersetting makke yn de SVN-ûntwikkelferzje fan FVWM-Crystal, en de earste útjefte is mei ferzje 3.4.0 en heger fia de softwaredistribúsjes te krijen. De standertlokaasje foar gettext-oersettingstriemen is /usr/share/fvwm-crystal/fvwm/locale/fy_NL.UTF-8/LC_MESSAGES, mar de triemen kinne ek nei de gebrûkersmap kopiearre wurde om sels te bewurkjen: de oersettingen wurde dan út ~/.fvwm-crystal/locale/fy_NL.UTF-8/LC_MESSAGES ynladen.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.