FOXE Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | pornografyske film | |
útrikt troch | Fans of X-Rated Entertainment | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Inglewood (Kalifornje) | |
ynsteld | 1990 | |
1e útrikking | 1990 | |
offisjele webside | ||
www.foxe.com |
De FOXE Awards (of F.O.X.E. Awards) binne in trijetal Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornoakteurs. Dizze prizen wurde útrikt troch de Fans of X-Rated Entertainment ("Fans fan Pornografysk Entertainment"), yn 'e regel ôfkoarte ta FOXE of F.O.X.E., in organisaasje fan pornofans dy't yn 1990 oprjochte is troch pornoakteur, -regisseur en -resinsint William Margold en pornoaktrise Viper. Njonken it takennen fan 'e FOXE Awards set dy organisaasje him yn foar it rjocht op frijheid fan mieningsutering en striidt er tsjin sinsuer yn 'e Feriene Steaten op it mêd fan pornografy. De earste útrikking fan 'e FOXE Awards fûn plak op 14 febrewaris 1990, as ûnderdiel fan 'e útrikkingsseremoanje fan 'e bekendere XRCO Awards. Sûnt 1991 is der in selsstannige útrikkingsseremoanje; de yntree dy't dêrfoar heft wurdt, wurdt bestege oan anty-sinsuerkampanjes.
Der binne trije ûnderskate FOXE Awards, dy't troch in stimming ûnder fans tawiisd wurde: male fan favorite ("manlike favoryt fan 'e fans"), female fan favorite ("froulike favoryt fan 'e fans") en video vixen ("fideokanjer"); dy lêste priis wurdt útrikt oan in (altyd froulike) nijynkommeling yn 'e pornoyndustry. Guon jierren wurde der noch inkele bykommende, spesjale prizen takend, lykas foar: fan fan it jier. In akteur of aktrise dy't trijeris in FOXE Award wûn hat, kriget de saneamde FOXE X Award en kin dêrnei net mear meitingje nei nije FOXE Awards. Under de pornoaktrises dy't in FOXE X Award wûn hawwe, binne Tera Patrick, Nina Hartley en Jill Kelly.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |