Ezra Bridger personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | oplichter, opstanneling | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Kanan Jarrus Hera Syndulla Sabine Wren | |
geastlike heit | Dave Filoni | |
ûntstean | 2014 |
Ezra Bridger is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is in lid fan it Rebelleferbûn yn de boargeroarloch tsjin it Galaktysk Keizerryk en de wichtichste protagonist út 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018). Hy ferskynt ek yn oare Star Wars-media en hat in gastrol yn in ôflevering fan Star Wars: Forces of Destiny. De rol fan Ezra waard ynsprutsen troch stimakteur Taylor Gray.
Fiktive biografy
Star Wars: Rebels
Ezra ferskynde foar it earst op 'e tillefyzje yn 'e koarte film Property of Ezra Bridger. Dy spilet foarôfgeande oan 'e dûbellange pilotôflevering fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, dy't de titel Spark of Rebellion hat. Yn Property of Ezra Bridger is Ezra in wees en in strjitjonge, dy't himsels op 'e planeet Lothal ûnderhâldt mei oplichtingspraktiken. Hy komt yn kontakt mei in groep leden fan it Rebelleferbûn as er him bemuoit mei ien fan harren misjes. Kanan Jarrus, in Jedi-ridder dy't de lieder fan dit groepke rebellen is, ûntdekt dat Ezra Krêftgefoelich is en sjocht potinsje yn 'e jonge krimineel. Hy nimt him mei werom nei de Ghost, in âld frachtskip dat syn rebellegroep as mobile basis brûkt, en nimt Ezra as syn learling oan.
Yn 'e ôflevering Path of the Jedi wurdt Ezra formeel as padawan yn 'e Jedi Oarder opnommen, wêrby't er mei help fan 'e stim fan master Yoda in kyberkristal fynt om te brûken foar it meitsjen fan syn earste, blauwe, ljochtsabel. Dat wapen wurdt letter ferneatige by in konfrontaasje mei de Sith-ridder Darth Vader, wêrnei't Ezra ta ferfanging in nije, griene, ljochtsabel makket. Yn Legacy, in ôflevering út it twadde seizoen fan Star Wars: Rebels, ûntdekt er dat syn âldelju omkommen binne by in finzenisopstân. Yn 'e ôflevering Shroud of Darkness docht bliken dat Kanan benaud is dat Ezra him ferliede litte sil troch de tsjustere kant fan de Krêft. Dat komt foar in diel ek sa út as er yn 'e ôflevering Twilight of the Apprentice ûnder de ynfloed komt te stean fan 'e eardere Sith-ridder Darth Maul. Dyselde begjint Ezra oan te sprekken mei "learling" en toant ek yn neifolgjende ôfleverings grutte belangstelling foar him.
Yn Steps into Shadow, in ôflevering út it trêde seizoen, wurdt Ezra befoardere ta befelfierder oer it Phoenix Squadron en fjildkommandant fan 'e rebellen fan 'e Ghost, om't syn master Kanan, dy't by in konfrontaasje mei Maul blyn rekke is, dat net mear kin. Omreden fan syn domdrystens wurde Ezra syn nije ferantwurdlikheden lykwols al rillegau opskoarre. Syn wichtichste motivaasje yn it trêde seizoen is om 'e 'kaai' te finen dêr't er de Sith mei ferneatigje kin. Hy ynterpretearret dy kaai as de Jedi-master Obi-Wan Kenobi, dy't ûnderdûkt libbet op 'e planeet Tatooine. Yn 'e ôflevering Twin Suns fynt er dyselde einlings, mar dan docht bliken dat syn hiele syktocht manipulearre is troch Darth Maul, dy't Obi-Wan opspoare wol sadat er wraak op him nimme om't de Jedi him jierren lyn ferslein en foar dea efterlitten hat. Op Tatooine falt Maul Ezra oan, mar Ezra wurdt rêden troch Obi-Wan, dy't op 'e nij, en diskear foargoed, mei syn âlde fijân ôfweefd. Nei't er mei Obi-Wan praat hat, beseft Ezra dat syn plak by de rebellen fan 'e Ghost is. Yn 'e lêste ôflevering fan it seizoen kriget er syn âlde funksjes werom en nimt er oan it haad fan Phoenix Squadron diel oan in gefjocht tsjin 'e Keizerlike troepen fan grutadmiraal Thrawn.
Yn it fjirde en lêste seizoen fan Star Wars: Rebels rekket Ezra der wat ôf nei de dea fan Kanan Jarrus, mar hy begjint de lêste lessen fan syn master te begripen as er yn 'e ôflevering A World Between Worlds de Jedi-timpel op Lothal yngiet. Syn bân mei de Krêftgefoelige wêzens dy't op 'e planeet Lothal libje, waakst fierder oan. Yn 'e lêste trije ôfleverings fan 'e searje, A Fool's Hope en diel 1 en 2 fan Family Reunion and Farewell, ropt er de Loth-wolven en de Purrgil op om him te helpen en ferslaan grutadmiraal Thrawn en de Keizerlike troepen op Lothal. As de Purrgil de patryspoarten op 'e brêge fan it stjerreslachskip fan Thrawn ferneatigje, kreëarret Ezra in beskermjende luchtbûl foar himsels en Thrawn, en lit er himsels en de grutadmiraal mei opsetsin nei in ûnbekende bestimming troch de hyperromte fuortfiere troch de Purrgil.
Oare media
Ezra Bridger komt ek foar yn 'e ôflevering A Disarming Lesson, fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny, wêryn't de Jedi Ahsoka Tano him leart om syn ynderlike sterkte te finen en te fertrouwen op de Krêft. Yn 2014 kaam fierders de roman Star Wars: Ezra's Gamble út, skreaun troch Ryder Windham en útjûn by Del Rey Books. Dat is in prequel fan Star Wars: Rebels, dy't Ezra syn bestean as strjitjonge beljochtet.
Untfangst
Yn 'e earste beide seizoenen fan Star Wars: Rebels krige it personaazje Ezra Bridger fan tillefyzjekritisy en fans fan 'e Star Wars-franchise mingde reäksjes. In protte lju fûnen him te bernich en/of yrritant. Yn 'e beide lêste seizoenen fan 'e searje, wêryn't er útgroeid is ta in feardich en mear folwoeksen Jedi-ridder, wie de ûntfangst in stik better.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |