Ezra | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | עזרא ("͑Ezra") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk, Arameesk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 6e – 4e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | 1 en 2 Kroniken | |
● folgjend diel | Nehemia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Ezra | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Ezra, yn it oarspronklike Hebriuwsk: עזרא, ͑Ezra, is (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 15de boek (fan 39) yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel, dêr't it ûnder de Skiednis falt. It komt oerien mei de earste helte fan it boek Ezra yn 'e joadske Tenach, mei't de joadske Bibel nea de út 'e trêde iuw datearjende opspjalting fan Ezra en Nehemia yn twa boeken trochfierd hat. Yn Ezra wurdt ferhelle oer de weromkear fan 'e Joaden út 'e Babyloanyske Ballingskip en harren weropbou fan 'e Timpel en de stêd Jeruzalim. It doel fan it boek is, krekt as yn Nehemia, net sasear om in part fan 'e Joadske skiednis fêst te lizzen, as wol om sjen te litten dat sels de machtige keningen fan it Perzyske Ryk de wil fan God dogge. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ezra stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Oarsprong
Hoewol't de talmoedyske tradysje hawwe wol dat Ezra skreaun is troch de preester Ezra, is dat idee troch moderne bibelwittenskippers en teologen oan kant reage. It grutste part fan 'e tweintichste iuw draaide de strideraasje om it auteurskip fan Ezra fral om 'e fraach oft it Ezra wie dy't sawol Ezra (en Nehemia) as 1 en 2 Kroniken skreaun hie, of dat it de anonime kronykskriuwer wie dy't ek Ezra (en Nehemia) skreaun hie. Mar koarterby is it almar dúdliker wurden dat sawol Ezra en Nehemia as 1 en 2 Kroniken in folle yngewikkelder skiednis hawwe as dat foarhinne tocht waard, en dat se allegear ta stân kommen binne troch gearstalling en bewurking troch in ferskaat oan skriuwers en redakteurs. Om dêrfan in yndruk ta jaan: út in resinte stúdzje hat bliken dien dat Ezra 1-6 en Ezra 9-10 oarspronklik ferskillende dokuminten west hawwe, dy't neitiid troch de skriuwer(s) fan Ezra 7-8 oaninoar plakt binne. It is noch altyd ûndúdlik wannear't Ezra krekt datearre wurde moat; it bewurkjen derfan is yn elts gefal trochgien oant fier yn 'e hellenistyske perioade.
Ynhâld
- Haadstikken 1-6
De Perzyske kening Koaresj (Syrus de Grutte) jout, dêrta troch God oanfitere, it goud- en sulverguod fan 'e Timpel werom oan Sjesjbassar, de foarst fan Juda. Hy jout permisje foar de Joaden om werom te kearen nei harren heitelân en dêr Jeruzalim en de Timpel wer op te bouwen. Under lieding fan Serûbbabel, de pakesizzer fan 'e foarlêste kening fan Juda, en de hegepreester Jesjûa keare 42.360 ballingen (tsjinstfolk net meirekkene) werom nei Jeruzalim. Dêr begjinne se oan 'e weropbou. Nei ferrin fan tiid stelle de foaroanmannen fan 'e Samaritanen, de net-joadske ynwenners fan it lân, in brief op oan kening Artachsjasta (Artakserkses I), wêryn't se kleie oer de aktiviteiten fan 'e weromkearde ballingen. De kening oarderet dat de weropbou stillein wurde moat. Mar op oanstean fan 'e profeten Haggai en Sacharja sette Serûbbabel en Jesjûa der koarte tijd letter fannijs mei útein. Op 'e nij wurdt der in kleibrief ferstjoerd, diskear oan Artachsjasta syn opfolger, kening Darius (Darius II). Dêrop jout dyselde opdracht om 'e argiven yn Babel ôf te sykjen, en einlings wurdt it dekreet fan Koaresj fûn wêryn't dy tastimming jûn hie foar de weropbou. Dan wurde de foaroanmannen fan 'e Samaritanen fan keningswegen warskôge de ballingen gjin striebree mear yn 'e wei te lizzen. Sadwaande kin de Timpel ôfboud en ynwijd wurde.
- Haadstikken 7-10
Kening Artachsjasta stjoert, dêrta oanset troch God, de preester Ezra mei in kloft efterbleaune ballingen en in skat oan goud- en sulverguod nei Jeruzalim ta, dat er oan him ferslach útbringe kin oangeande foarderings fan 'e weropbou. Op it plak oankommen, heart Ezra dat guon Joaden te Jeruzalim mei net-Joadske froulju troud binne. Hy is ûntset oer sa'n slimme sûnde, en op oankringen fan him wurdt der in gearkomste belein wêryn't de Joaden beslute, nettsjinsteande it ferset fan guon fan harren, om 'e frjemde froulju en harren bern de stêd út te jeien.
Fryske oersetting
Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Ezra 10:1-6 út. De earste folsleine útjefte fan Ezra stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Ezra waard dêrby dien troch dr. F. Boonstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Jacobus W. Zantema.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |