Ezinge
De tsjerke en tsjerketoer fan Ezinge yn 2009. It hûs rjochts is letter by de toer oanboud.
De tsjerke en tsjerketoer fan Ezinge yn 2009. It hûs rjochts is letter by de toer oanboud.
Emblemen
                 
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal685 (2023) [1]
Oerflak0,59 km²
wêrfan lân: 0,58 km²
wêrfan wetter: 0,01 km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten
Kaart
Ezinge (Grinslân)
Ezinge

Ezinge (Grinslânsk: Aizing) is in terpdoarp yn Grinslân, dat yn it noarden fan de gemeente Westerkertier oan it Oldehoofsche kanaal leit. Oant 1990 wie it in selsstannige gemeente, mar it doarp waard doe part fan de gemeente Winsum. Ezinge foarmet sûnt 1 jannewaris 2019 ûnderdiel fan de gemeente Westerkertier.

Yn 2008 hie Ezinge 750 ynwenners.[2]

Beskriuwing

Ezinge is it haaddoarp fan it eardere skiereilân Middag. Dat ûntstie yn de achtste iuw yn de mûning fan de Hunze (no: Reitdjip) troch ynbrekken fan de Lauwerssee. Ezinge is bekend fan de opgravings dy't de archeolooch Albert van Giffen (1884-1973) dêr yn de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste iuw dien hat. Dêrby binne de oerbliuwsels fûn fan 85 pleatsen en 60 bygebouwen út de perioade 600 f.Kr. oant de fyfde iuw n.Kr. In bysûndere fynst wie de gouden "swurdknop fan Ezinge", dy't út de sande iuw datearret en dy't te fergelykjen is mei dy út it keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân.[3]

Ezinge hat in beskerme doarpsgesicht. Part dêrfan is de tsjerke út de tretjinde iuw, dy't op de râne fan de ôfgroeven terp leit en dêr't de tsjerketoer fan los fan de tsjerke sels stiet.

Yn it doarp is it museum Wierdenland, Centrum voor wierden en landschap (foarhinne: Museum Wierdenland) festige, dat terpen en it terplânskip ta ûnderwurp hat.

Noardeastlik fan Ezinge stiet de Allersmaboarch, wêrfan it âldste part yn 1400 boud waard.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe Wylp • Den Ham • Den HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerk • Oostwold • De Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
Aalsum • Aduarder Voorwerk • Aduardersyl • Allardseach (foar in part) • Allersma • Antum • Bakkerom • BalktilBalmahuizenBarnwert • Beswerd • BlauwBoerestreekBokkebuert • Bolshuizen • Brillerij • BremenBuikstedeDe Bombay • De Eest • De HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe Poffert • De Ruigewaard • De SnipperijDe Tenten • De Wieren • De Wyk • Djipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn) • Dorp • Dwarshaspel • Eekeburen • Eibersburen • ElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeuken • Hamrik • Hardeweer • Heereburen • Heineburen • Het Schoor • Hilmahuis • HoogemeedenIkumJuursemakluft • Kenwerd • KeuningswijkKokswijk • Kornhorn • Krassum • Kroonsfeld • Kuzemer • Kuzemerbalk • Lagemeeden • Lammerburen • Langeweer • Mokkenburg • Nieuwbrug • Nieuwklap • Noorderburen • Noordhornerga • Noordhornertolhek • Okswert • Oosterzand • Oostindië (foar in part)Oostum • Oude Wierden • Pama • PasopPeeboskRûgesân • Schifpot • Selwerd • SpanjaardsdijkSteentil • Suttum • 't Hoekje • 't Kret't MalijkTolhek • Topweer • Trimunt • Uiterdijk • Veldstreek • Westerdijk • Westerhorn • Westerzand • Wierumerschouw • WillemstêdSânwykZethuis • Zuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.