Evile
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaalIngelsk
sjenreMetal
bestean1999 – No
label(s)Earache,
Napalm Records
âld-ledenMike Alexander bas (2004-2009) †
Matt Drake Sang & Gitaar (2004-2020)
Piers Donno-Fuller gitaar (2014-2018)
leden
Sang & GitaarOl Drake
GitaarAdam Smith
BasJoel Graham
DrumsBen Carter

Evile (in wurdboarterij dy't in gearlûking is fan 'e Ingelske wurden evil, "kwea", en vile, "walchlik") is in Ingelske metalband oprjochte yn 1999 yn Huddersfield. Evile begûn ûnder de namme Metal Militia fan 2004 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Evile. De band brocht yn 2007 syn debútalbum Enter the Grave út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, kriich, moard, en Science fiction. Evile hat fiif studio-albums útbrocht.

Ferstjerren Mike Alexander

Bassist Mike Alexander by in optreden op it Tuska Open Air Metal Festival, yn Helsinki

Op 5 oktober 2009 waard bassist, Mike Alexander net goed ûnder in toernee, hy ferstoar ûnderweis nei it sikehûs yn Luleå, Sweden. Hy stoar oan in longemboly, in bloedprop yn de longen. Evile iepene in betinkings-webstee foar harren ferstoarne bassist. Begjin desimber 2009 holden de oare leden fan Evile twa betinkingsjûnen foar Mike. Evile naam yn 2009 it Pantera nûmer "Cemetery Gates" op foar in spesjaal Dimebag Darrell-tributealbum fan Metal Hammer "Dimebag". It wie ek it lêste nûmer dat de band opnaam mei de bassist Mike Alexander.

Diskografy

Studio-albums

AlbumUtbrocht opLabelSingles
Enter the Grave 27 augustus 2007 Earache
Infected Nations 21 septimber 2009
Five Serpent's Teeth 26 septimber 2011 Eternal Empire,
Cult,
In Memoriam,
In Dreams of Terror
Skull 27 maaie 2013 Underworld
Hell Unleashed 30 april 2021 Napalm Records Hell Unleashed,
Gore,
The Thing (1982)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.