Aukje yn Hylpen, ien fan in rige fan alve bylden yn de alve stêden fan de Alvestêdetocht
Klaske

Evert van Hemert (Haarlim, 12 april 1954 - 14 july 2022) wie in Nederlânske byldhouwer en keunstskilder.

Libben en wurk

Fan Hemert wie in autodidakt. Syn oplieding oan de Gerrit Rietveld Akademy duorre, neffens ynformaasje op syn webside, mar tsien minuten.
Syn wurk is fral figuratyf. Hy brûkt faak froulju, en dieren, mei wielderige foarmen, mar ek it tsjinoerstelde komt foar yn syn wurk. Syn bylden út brûns makke er hielendal sels, fan de earste waaksfoarm oant en mei it jitten en it brûnzjen. By syn skilderwurk brûkte er fral akrylferve op linnen. It wurk fan Van Hemert wurdt ek yn it bûtenlân wurdearre; hy hie ek eksposysjes yn it bûtenlân.

Van Hemert wurke yn Haarlim, Grikelân en New Orleans. Dêrnei fêstige er him yn Kolderwâlde.

Evert van Hemert stoar yn 2022 yn de âldens fan 70 jier.[1][2]

Bylderûtes

De bylderûte oan de Oordenwei yn Kolderwâlde sa't van Hemert dy tocht hie soe earst út alve stânbylden bestean, mar it binne tsien stânbylden en in brûnsplastyk wurden. Ald-Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Fryslân Ed Nijpels hat freed 8 april 2005 it lêste fan de tsien stânbylden mei de namme De lêste tsjerkegongster ûntfâlde.

Yn de alve Fryske stêden fan de Alvestêdetocht binne op de rûte dêr 't dyk en wetter elkoar kruse alve brûnzen bylden fan "Aukje", in reedrydrydster op in pylder fan kortenstiel set. It lêste byld waard yn 2007 oan de Bonkefeart yn Ljouwert pleatst.

Wurk

Atsje
Famke op de bolle
Europa

Brûnswurk

  • Milkmaid
  • Een dagje naar de stad
  • Sietske
  • Famke op'e bolle
  • Dansend
  • Trekzakspeelster
  • Dancing in the street
  • Klaske
  • Kermispaardje
  • De Verleiding
  • Show your tits
  • De laatste kerkgangster
  • Venus van Kolderwolde
  • Kleine poes
  • Antonia
  • Aukje

Skilderwurk

  • Hobbelpaard (Anna's wilde ride)
  • De verdeling
  • Bull riding
  • Leda mingde technyk)
  • Lady Godiva (mingde technyk)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.