Evaristus
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amtpaus fan Rome
tsjerkeRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdombisdom Rome
sitHillige Sit
amtsperioade99-107
foargongerKlemens I
opfolgerAleksander I
persoanlike bysûnderheden
stjerdatum± 107
stjerplakRome
hillichferklearring
hjeldei26 oktober

Evaristus wie fan ± 99 oant syn dea yn ± 107 biskop fan Rome. Hy is ek bekend ûnder de namme Aristus en wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse tsjerken fereare as in hillige. It is hiel goed mooglik dat Jehannes de Apostel ferstoar yn de tiid dat Evaristus de tsjerke liede, wermei't in ein kaam oan it Apostoalyske Tiidrek.

Neffens it Liber Pontificalis wie Evaristus in Gryk, mar syn heit wie Judah, in joad út Bethlehem. Hy waard keazen de tsjerke te lieden yn de tiid fan it regear fan keizer Trajanus en folge Klementius I as biskop fan Rome op. Evaristus ferdielde Rome yn sân dekanaten.

Neffens Eusebius fan Caesarea ferstoar Evaristus nei in pontifikaat fan acht jier yn it 12e regearingsjier fan keizer Trajanus. Liber Pontificalis beskriuwt him as immen dy't mei it 'martelderskip kroand' wie.

De dei dat Evaristus betocht wurdt is yn de Roomsk-Katolike Tsjerke op 26 oktober. Paus Evaristus is begroeven tichteby it lichem fan Petrus, yn it Petrus-grêf ûnder de Sint Piter fan it Fatikaan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pope Evaristus


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.