Evangeelje fan de Wierheid
algemiene gegevens
auteuranonimus
taalAldgryksk
foarmnon-fiksje
sjenrereligiosa
skreaun140180 n.Kr.

It Evangeelje fan de Wierheid is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e gnostyske evangeeljes en waard ferlern waand oant der yn desimber 1945 tafalligerwize troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady twa Koptyske manuskripten fan weromfûn waarden dy't mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe leine. It iene werûntdutsene manuskript fan it Evangeelje fan de Wierheid is in frijwol folsleine ferzje yn it Achmimyske dialekt fan it Koptysk, wylst it oare in fragmintaryske oerlevering yn it Sahidyske dialekt is. It Evangeelje fan de Wierheid, dat oarspronklik yn it Gryksk skreaun wêze moat en datearret fan 'e perioade fan 140 oant 180, is wierskynlik it wurk fan 'e dissipels fan 'e gnostyske learmaster Falentinus, of mooglik fan de man sels. It wie bekend by de tsjerkfaar Irenaeus, dy't it ta ketterij ferklearre.

Ynhâld

Oars as de kanonike evangeeljes jout it Evangeelje fan de Wierheid net in ferslach fan it libben en de lear fan Jezus fan Nazaret, mar is ynstee in frij esotearysk geskrift dat beskriuwt hoe't de Flater yn personifiëarre, froulike foarm ta wêzen kaam en Jezus oan in beam fêstspikere. It leit fierders út dat guon passaazjes út 'e kanonike evangeeljes net letterlik nommen wurde moatte; sa soe it iten jaan oan 'e hongerigen op spirituële honger slaan, en it rêst jaan oan 'e wurgen op lju dy't wurch fan it libben binne.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Attridge, Harold W. and MacRae, George W., The Gospel of Truth (Introduction and Translation), yn: Robinson, James M. (red.), The Nag Hammadi Library, s. 38-51.
  • Layton, Bentley, The Gnostic Scriptures, yn: The Anchor Bible Reference Library, New York, 1987 (Doubleday).
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja Suzanne Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.