De 19 lannen dy't de euro brûke.

De eurosône, ek wol eurogebiet, is de sammelnamme foar de 19 lannen fan de Jeropeeske Uny dy't de euro as wettich betelmiddel hawwe.

De Jeropeeske Sintrale Bank is ferantwurdlik foar it monetêr belied binnen de eurosône.

Lannen fan de EU mei de euro

Op 1 jannewaris 2002 binne der 12 lannen oerstapt fan it lanlike betelmiddel nei de euro. Dizze lannen wienen: Belgje, Dútslân, Eastenryk, Finlân, Frankryk, Grikelân, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Portegal en Spanje.

  • Op 1 jannewaris 2007 is Sloveenje by de eurosône kaam.
  • Op 1 jannewaris 2008 wienen Syprus en Malta it 14e en 15e lân dat de euro brûken gien.
  • Op 1 jannewaris 2009 hat ek Slowakije de euro yn gebrûk naam.
  • Op 1 jannewaris 2011 is yn Estlân de euro as wettich betelmiddel yn gebrûk nommen.
  • Op 1 jannewaris 2014 is yn Letlân de euro as wettich betelmiddel yn gebrûk nommen.
  • Op 1 jannewaris 2015 is yn Litouwen de euro as wettich betelmiddel yn gebrûk nommen.
LânDatumYnwennersUtsein
flagge fan Belgje Belgje1 jannewaris 200210.666.866
flagge fan Dútslân Dútslân1 jannewaris 200282.314.906Búsingen
flagge fan Eastenryk Eastenryk1 jannewaris 20028.316.487
flagge fan Estlân Estlân1 jannewaris 20111.340.021
flagge fan Finlân Finlân1 jannewaris 20025.289.128
flagge fan Frankryk Frankryk1 jannewaris 200263,392,140Nij Kaledoanje, Frânsk Polyneesje, Wallis en Futuna
flagge fan Grikelân Grikelân1 jannewaris 200211.125.179
flagge fan Ierlân Ierlân1 jannewaris 20024.239.848
flagge fan Itaalje Itaalje1 jannewaris 200260.017.677Campione d'Itaalje
flagge fan Letlân Letlân1 jannewaris 20142.254.653
flagge fan Litouwen Litouwen1 jannewaris 20153.218.064
flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch1 jannewaris 2002476.200
flagge fan Malta Malta1 jannewaris 2008404.962
flagge fan Nederlân Nederlân1 jannewaris 200216.471.968Arûba, Nederlânske Antillen
flagge fan Portegal Portegal1 jannewaris 200210.599.095
flagge fan Sloveenje Sloveenje1 jannewaris 20072.013.597
flagge fan Slowakije Slowakije1 jannewaris 20095.389.180
flagge fan Syprus Syprus1 jannewaris 2008766.400Noard-Syprus
flagge fan Spanje Spanje1 jannewaris 200245.116.894
flagge fan Kroaasje Kroaasje1 jannewaris 2023

EU-lannen sûnder de euro

Dêrneist binne der noch 9 lannen binnen de Jeropeeske Uny dy't de euro net (noch) brûke. Dit binne: Denemark, Sweden, Hongarije, Poalen, Tsjechje, Roemeenje en Bulgarije.

EU-lannen bûten de EU dy't de euro brûke

Neist de 19 lannen fan de Jeropeeske Uny binne der ek inkele lannen bûten de uny dy't de euro as betelmiddel brûke.

Yn 2002 binne Montenegro en Kosovo ek oergien nei de euro. Foar dy tyd brûkten dizze lannen de Dútske mark. Dêrneist habbe ek San Marino, Monako en Fatikaanstêd de euro as betelmiddel. Dizze lannen meie in eigen nasjonale side ynfolje.

Andorra hat op it stuit gjin eigen euromunten, omdat it nea in monetêre oerienkomst mei Frankryk of Spanje hân hat. De Frânske frank en de Spaanske peseta waarden as muntienheid brûkt. Andorra is sûnt 2004, sûnder resultaat, yn gesprek mei de EU om de euro as offisjeel betelmiddel brûke te kinnen. Hjirfoar moat Andorra, dat no in belestingparadys is, it hiele nasjonale bankêre stelsel oer de kop helje en oanpasse oan de winsken fan de Jeropeeske Uny. Om dizze reden is noch ûnbekend of, en wannear, Andorra de euromunt yn gebrûk nimme kin.

Oerseeske gebietsparten

De euro is ek ynfierd yn saneamde ultraperifeare gebieten. Dizze gebieten binne de Frânske oerseeske departeminten Guadelûp, Martinyk, Frânsk-Guyana en Réunion, de Frânske eilannen Saint-Pierre en Miquelon en Mayotte. De Portegeeske gebieten de Azoaren en Madeira. En de Spaanske Kanaryske Eilannen en de eksklaves Ceuta en Melilla.

De lannen en gebieten oersee, wêrûnder de Nederlânske Antillen en Arûba, habbe harren eigen munten behâlden. De Nederlânske Antillen en Arûba habbe harren munt keppele oan de Amerikaanske dollar. De gebieten fan Frankryk dy't de euro net habbe is de koppeling mei de frank feroare yn in koppeling mei de euro.

Eurolannen fan de takomst

De Baltyske steaten, Estlân, Letlân en Litouwen, wienen fan plan om al yn 2010 de euro yn te fieren. Mar troch de wrâldwide ekonomyske krisis is dit net bard. Estlân is der al yn slagge om op 1 jannewaris 2011 de euro yn te fieren.

Foar de 27 EU-lannen, Denemark is it ferplicht om de euro yn te fieren. Dat moat dan barre op it stuit dat de lannen oan de monetêre easken foldogge. Mei de ûnderhannelings fan it Ferdrach fan Maastricht habbe it Feriene Keninkryk en Denemark in útsûnderingsposysje behelle. Dizze posysje hâld yn dat dizze lannen net ferplichte binne de euro yn te fieren. It stiet de lannen frij om de útsûnderingsposysje op te jaan, op wat foar stuit dan ek, as net.

Foar de nije lidsteaten giet dit net op. Dat soarte posysjes wienen der net mear en de euro foarme in ferplichting foar it ta treedzjen. De ynwenners wienen hjirfan op 'e hichte. In stim foar tatreding ta de EU yn de referindums foar de útwreiding yn 2004 wie ek in stim foar de euro. Dochs wol de Poalske presidint Lech Kaczyński in referindum organiseare oer de tatreding fan Poalen ta de euro. Eurokommissaris Joaquin Almunia wie hjir net bliid mei.

De Jeropeeske Sintrale Bank en de Jeropeeske Kommisje publisearje iens yn de twa jier meiïnoar in saneamd konferginsjeferslach, hjiryn stiet oan elts EU-lidsteat dy't net oan de euro dielnimt beskreaun yn hokker saken it oan de betingsten fan tatreding ta de euro foldocht.

Denemark

Denemark is ien fan de twa lannen dy't útsein binne fan de euro. Op 28 septimber 2000 wie by in referindum 53,1 persint fan de Deenske ynwenners tsjin de euro.

Op 22 novimber 2007 makke de Deenske premier, Anders Fogh Rasmussen, bekend dat der in nij referindum komme sil. Neffens Rasmussen is der sûnt 2000 in protte feroare. Op it stuit soe in lytse mearderheid foar de euro wêze yn Denemark.

Sweden

Sweden, dat al sûnt 1995 by de EU is, koe by it Ferdrach fan Maastricht net útsein wurde fan de euro. Formiel is Sweden hjirtroch ferplichte om de euro yn te fieren, mar it lân hat besletten om de ynfiering fan de euro út te stellen troch gewoan net te foldwaan oan de European Exchange Rate Mechanism-II (ERM II), ien fan de wichtichste easken om mei te dwaan oan de euro. De opstelling fan Sweden liket troch de EU tastien te wurden.

Andorra

Andorra is gjin lidsteat fan de Jeropeeske Uny, mar it lân krijt in spesjale behanneling fan de EU. Andorra wurdt bygelyks lyksteld mei leden fan de EU as it om hannel yn ferfeardige guod giet, mar net foar lânbouprodukten.

Andorra hat gjin eigen munt en brûkte foar 2002, neist elkoar, de Frânske frank en de Spaanske peseta, dy't dêrnei ferfong binne troch de euro. Yn tsjinstelling ta oare lytse Jeropeeske lannen dy't eigen euro's slaan meie, hat Andorra gjin eigen euromuntstikken.

Yn oktober 2004 starten de ûnderhandelingen tusken Andorra en de EU oer in oerienkomst dy't, ûnder oare, as doel hat dat Andorra yn de takomst har eigen euromunten slaan mei.

Dielnimmende lannen wikselkoersmechanisme ERM II

Op 28 juny 2004 binne Estlân, Litouwen en Sloveenje ta de ERM II tatreden. Op dat stuit siet allinnich Denemark dêryn.

Op 2 maaie 2005 treden Syprus, Letlân en Malta ta. Op 28 novimber folge Slowakije.

As in lân de euro ynfiert dan giet it automatysk út de ERM II. Sloveenje makke op 1 jannewaris 2007 de oerstap. Op dit stuit binne dus Denemark, Estlân, Letlân en Litouwen de dielnimmende lannen oan it wikselkoersmeganisme ERM II. Jannewaris 2008 folgen Syprus en Malta en in jier letter ek Slowakije.

Op it stuit binne Denemark, Estlân, Letlân en Litouwen de leden fan de ERM II.

Ynflaasje

  • 1999: 1%
  • 2000: 2%
  • 2001: 2,8%
  • 2002: 1,9%
  • 2003: 1,9%
  • 2004: 2,1%
  • 2005: 2,2%
  • 2006: 2,2%
  • 2007: 2,1%
  • 2008: 3,3%
  • 2009: 0,3%
  • 2010: 1,6%
  • 2011: 2,7%
  • 2012: 2,5%
  • 2013: 1,3%

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.