European X Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Belgysk
útrikt foarpornografyske film
útrikt trochYnt. Erotyk Festival fan Brussel
frekwinsje1x jiers
plakBrussel (Belgje)
1e útrikking1995
offisjele webside
gjint

De European X Awards binne in groep Jeropeeske filmprizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films op it Ynternasjonaal Erotyk Festival fan Brussel. Dat is in fak- en publyksbeurs foar de Jeropeeske pornoyndustry dy't eltse febrewaris yn 'e Belgyske haadstêd Brussel holden wurdt. De útrikking fan 'e European X Awards foarmet dêrfan de wichtichste seremoanje.

It festival waard foar it earst organisearre yn 1993, wylst de prizen foar it earst yn 1995 útrikt waarden. De European X Awards binne ferdield oer in stikmannich kategoryen, lykas bêste Jeropeeske film, regisseur, akteur en aktrise, dy't dan faak wer ûnderferdield wurde oer ôfsûnderlike lannen of groepen fan lytsere lannen, sadat der bygelyks ek prizen útrikt wurde foar de bêste aktrise út Frankryk, Spanje, Dútslân, Itaalje, Hongarije, de Benelúks en Skandinaavje. Sa wûn Rita Faltoyano yn 2004 de European X Award foar bêste aktrise (Hongarije) en Katsuni dy foar bêste aktrise (Frankryk), wylst de Nederlânske Bobbi Eden yn 2007 de priis foar bêste aktrise (Benelúks) wûn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.