Eupen | ||
Lizzing fan de gemeente Eupen yn de provinsje Luik | ||
Polityk | ||
Lân | Belgje | |
Provinsje | Luik | |
Regio | Walloanje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.082 (01/01/2023) | |
Oerflak | 103,74 km² | |
Befolkingsticht. | 209,2 / km² | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.eupen.be/ |
Eupen (Frânsk, âldfrinzich: Néau) is in stêd en fasiliteitegemeente yn East-Belgje, yn it easten fan de provinsje Luik (arrondissemint Verviers), tichtby de Dútske grins. It is in Dútsktalige stêd en de haadstêd fan de Dútsktalige Mienskip. Op âlde Frânsktalige militêre kaarten waard it plak ek wol Néau neamd.
Eupen bestiet út in boppe- en in ûnderstêd. De benedenstêd leit oan de rivier de Vesder. It stsjon fan Eupen leit yn de boppestêd en is it einpunt fan de yntercityferbining mei Oostende, oer ûnder oaren Brussel.
Yn 1977 waard Kettenis oan Eupen taheakke. yn 2005 fusearren twa pedagogyske ynstituten en in ferpleechstersskoalle ta de Autonome Hochschule in der deutschsprachigen Gemeinschaft, de iennige iepenbiere Dútsktalige hegeskoalle yn Belgje. De hegeskoalle jout bacheloropliedingen foar beukerûnderwizer, ûnderwizer en ferpleechkundige.
- Sint-Niklaastsjerke
- Sint-Niklaastsjerke
- Regearingsgebou
Polityk
Bestjoer 2007-2012
It bestjoer fan Eupen bestiet út in koälysje fan CSP en PDB.
De neikommende persoanen sitte yn it bestjoer:
Kolleezje fan boargemaster en skepenen | |
---|---|
Boargemaster | Elmar Keutgen (CSP) |
Skepenen | Patrick Meyer (CSP) Patricia Creutz-Vilvoye (CSP) René Bartholemy (CSP) Dieter Pankert (PDB) Martin Orban (CSP) |
Natuer
In part fan de grutte bosk Hartogenwâld falt yn it súdlik diel fan de gemeente Eupen.