Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
In ets is in ôfbylding makke yn djipdruktechnyk fan in koperen of sinken plaat dêr’t de ôfbylding troch soer yn etst is.
Untstean
De etstechnyk ûntstie om 1400 hinne út de wapensmidterij yn Jeropa wei. Yn dy wurksteeën brochten wapensmidten mei skerpe beitels fersierings oan yn harnassen en wapens, As de gravuere klear wie, waard dy opfolle mei swarte emalje, niëllo, en waard der in wiet fel papier oerhinne lein. De niëllo luts foar in part yn it papier en sa ûntstie in print yn spegelbyld fan de makke gravuere. Dy ôfdruk waard mar foar ien doel brûkt: hy funksjonearre as staalkaart foar it fakmanskip fan de wapensmid. Sokke ôfdrukken wiene goed reklamemateriaal om nije klanten te lûken. It is dus net nuver dat de gravuere as reproduksjetechnyk syn oarsprong hat yn dy wapensmidtes, omdat de brûkte technyk fierhinne itselde wie. Earst yn de 16e iuw begûnen printers it proses te brûken.
Etstechnyk
Yn it tiidrek fan it ûntstean fan de gravuere fûnen se út dat metaal reagearre mei in soer of in baze, dêr’t it metaal troch oantaaste waard. Dêr ûntstie de etstechnyk út, dy’t ek hieltyd mear brûkt waard yn de boekdrukkeunst. It etsen bart op in koperen of sinken plaat. Dy plaat mei polyste wurde mei fyn skjirpapier of polystguod om in sa glêd mooglik oerflak te krijen. De skerpe rânen wurde - as dêr ferlet fan is - mei in faset mei in skeane kant foarsjoen, troch de sydkanten mei in swiete file of skjirre wat skean te meitsjen. Dat om foar te kommen dat by it ôfslaan de hannen iepenhelle wurde en ek om it drukkersfilt te beskermjen tsjin snijïngs troch de och sa hege druk fan de etsparse.
De foarkant (byldside) fan de metalen plaat wurdt ôfdutsen mei etsgrûn, in floeiber opbrochte laach dêr’t foar it meastepart bijewaaks en white spirit yn sit, of in bal hurde etsgrûn, dy’t op in ferwaarme plaat útrôle wurdt. Om lokale plakken ôf te dekken, lykas by akwatint, brûke jo in ôfdeklaach, ôfdekfernis neamd, dy’t út asfaltpoeier en terpentine bestiet. De efterkant fan de plaat dekke jo ôf mei spirituslak (skellak oplost yn spiritus). Dat is handich by it skjinmeitsjen fan de byldkant, om’t skellak (gomlak) allinnich mei alkohol (etanol, metanol) of thinner oplost en de fernis oan de byldkant (foarkant) allinnich mei terpentine of white spirit. Faak brûke se om de efterkant ôf te dekken brune tape (plakbân) wat gau oan te bringen is. Dêrnei bringt de etser mei in etsnudle of skerp ding de ôfbylding (line-ets) yn de ôfdeklaach oan, rekkenjend mei de ôfdruk dy’t yn spegelbyld op de ôfdruk (drager, blêd) komt te stean.
Ofhinklik fan it brûkte materiaal en de bedoeling fan de etser, wurdt de plaat yn soer of yn sâlt biten (etst). It biten yn in sâltoplossing (gloride) hat as foardiel dat it de linen allinnich yn de djipte byt. In neidiel fan biten yn sâlt is dat de izerglorideoplossing in ûntrochsichtige brune floeistof is. De etser sjocht dus net wat er docht, mar moat witte noelang’t er in plaat baaie moat om ta in goed resultaat te kommen. Boppedat moat de etsplaat oarsom - mei ôfbyldingskant nei ûnderen - yn de etsbak dien wurde. Biten yn koper kin mei salpetersoer en izergloride. Salpetersoer wurket net of hiel stadich ûnder in temperatuer fan 12 graden Celsius. Sinkplaten yn izergloride etse kin goed, mar jout gefaarlike dampen op. Yn de regel wurde koperen etsplaten yn izergloride en sinken platen yn salpetersoer biten. By salpetersoer is de line raffelich en hat dy oanstriid wat breder te wurden. Nei it ynbiten wurdt de etsgrûn ferwidere mei terpentine of white spirit.
Tsjintwurdich wurde sinkplaten benammen mei kopersulfaat etst (‘Bordeaux-ets’), en koperplaten mei izergloride. Izergloride jout goede resultaten yn koper en is minder skealik foar de brûker (etse mei salpetersoer jout nitreuze dampen op). Koperetsen hat as foardiel dat dy ek ferstiele wurde kinne (mei in tin groomlaachje fan inkelde mykron) dêr’t de plaat net sa gau troch slyt, en gau ôf te slaan is, mar benammen de inket en kleure etsinket, sil net fan kleurtoan feroarje. Giele etsinket bygelyks, sil op in sinkplaat och sa gau ‘oksidearje’ = brunich wurde, op in koperen etsplaat wat minder en op in ferstiele koperen etsplaat hast net. Ek wurdt it saneamde ôfslaan in stik makliker mei in ferstiele etsplaat.
Gemyske reaksjes
By etsen giet it om in tal redoksreaksjes.
- Sink mei kopersulfaat (it ûntstiene metallysk koper slacht as in swarte delslach del en kin fuortfage wurde:
- Sink mei izer(III)gloride:
- Koper mei izer(III)gloride:
- Sink mei salpetersoer:
- Koper mei salpetersoer:
Nei het etsen
As in plaat klear is, wriuwe jo inket yn de linen. Dêrnei wurdt de plaat ôfslein: de inket wurdt earst mei bol tarlatan (tsiisdoek) fan de plaat wreaun, dêrnei wurdt der mei in flotte haal fan de hân, wêrby’t de mûs fan de hân hiel licht oer de plaat ‘skimket’, it oerflak fan de etsplaat folslein skjinfage. Dat hjir ‘ôfslaan’, sadat allinnich de inket yn de etste stikken stean bliuwt. Dêrnei drukke jo de yninke plaat ûnder in etsparse ôf op klam makke papier. Earst lizze jo 2 - 3 lagen filt oer it bewurke etspapier dat oer de ôfsleine etsplaat leit. Troch de tige hege druk fan de etsparse - tusken 900 en 2000 kilo dêr wêr’t de wals it filt rekket - triuwe de lagen filt it papier yn alle mei inket folle lagen fan de etsplaat en kin it klam makke papier net oars as in syntese oan te gean mei de etsinket op oaljebasis.
Under it etsproses makket de etser geregeld proefôfdrukken of tuskendrukken. Dy tuskendrukken neame jo staten. Op basis dêrfan kin hieltyd in folgende stap set wurde.
Oare etstechniken
Njonken de gewoane line-ets binne der ek oare etstechniken. De akwatint en de vernis mou binne de wichtichste.
- Akwatint: dizze etstechnyk is ideaal om toanferskillen - fan ljochtgriis oant dekkend swart - te krijen.
- Stokastmetoade: De polyste etsplaat wurdt yn in stokast lein, dêr’t de plaat mei harspoeier of asfaltpoeier yn bestoot wurdt. Nei in hoartsje - fariearret fan sekonden oant minuten - wurdt de plaat út de kast helle en op in roaster lein. Mei in gasflam wurdt de plaat no lykmjittich ferwaarme sadat de harskerrels of it asfaltpoeier raant.
- Airbrushmetoade: Foaral handich foar flot wurkjen of mei gruttere etsplaten: Jo bespuitsje in fetfrij makke metalen plaat mei airbrush. In fine nevel mei de plaat net ôfdekke mar jout in iepen rasterstruktuer. Wat net ynbiten wurde moat, wurdt mei ôfdeklak bedutsen, sadat de etsplaat allinnich op de bedoelde plakken ynbiten wurdt. As de bestode of bespuite etsplaat yn in etsbad lein wurdt, byt it etswetter om de hars- of akrylpuntsjes hinne. Hoe langer ynbiten, hoe mear inket fêstholden wurdt. Te lang ynbiten jout ‘falske byt’ wêrby’t de eilantsjes fan hars- of asfaltpoeier, of de airbrush, ûnderstek dien wurde en der grutte stikken etsplaat weibiten wurde. Handich is om fantefoaren de akwatint op in langwerpich stik etsplaat te spuitsjen of te stowen en dan in proef te dwaan: bygelyks om de 20 sekonden de plaat yn it etswetter dompelje en dan drûgje en in stik fan de plaat ôfdekke, en dêrnei wer 20 sekonden yn te biten. Oant it hiele stik ynbiten is yn sawat 25 dielen. As der no in ôfdruk makke wurdt, is de ljochte griistoan sichtber dy’t hieltydd donkerder wurdt. Sa kinne jo de winske etstiid keppelje oan de winske griistoan (ferlykber mei beljochtsjen fan proefstripen by de analoge fotografy).
- Vernis mou: by dizze metoade wriuwe jo de boppekant fan in opwaarme metalen plaat yn sêft fernis (skieppefet en bijewaaks). Dêrnei lizze jo papier boppe it fernis. Troch streekrjocht op it papier te tekenjen, ûntstiet in tekening yn it sêfte fernis. De linesoarte hinget sterk fan it brûkte tekenmateriaal ôf. Troch materialen streekrjocht (mei in dúdlike tekstuer) yn de sêfte fernis oan te bringen kinne ek allerhande struktueren oanbrocht wurde op de etsplaat.
- De drûge nudle is winliken gjin etstechnyk, mar wol in oan de ets besibbe djipdruktechnyk.
Bekende etsers
Sjoch ek
- Grafyk, foar in oersjoch fan besibbe grafyske techniken
- Kopergravuere
- Printekabinet
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|