Etnografy (fan it Grykske ἔθνος, ethnos, dat "folk" betsjut, en γράφω, grapho, dat "ik skriuw" betsjut) is de stelselmjittige stúdzje nei folken en kultueren. Dêrby wurde ornaris per ûndersyk ien of mear kulturele ferskynsels by ien of mear folken bestudearre, fanút de kontekst fan 'e kultuer dêr't se ta hearre. Ek is it mooglik om by ien ûndersyk de hiele kultuer fan in etnyske groep fêst te lizzen, mar dat is tsjintwurdich net mear wenst, hoewol't it foarhinne wol in protte dien waard. It wurd "etnografy" kin sadwaande sawol slaan op in beskate beskriuwing fan in kultuer of in kultureel ferskynsel ("in etnografy"), as op 'e hiele stúdzjerjochting ("de etnografy").

As stúdzjerjochting komt de etnografy fuort út it sammelwurk oangeande minsklike maatskippijen en kultueren sa't dat ferrjochte waard troch de iere biologyske, sosjale en kulturele antropology. De tsjintwurdige etnografy hat lykwols behalven mei antropology ek in protte reitsflakken mei de sosjology, kommunikaasjekunde, skiednis en godstsjinstwittenskippen. In moderne etnografy beskriuwt alle waarnommen hâlden en dragen en leit alle symbolistyske ferskynsels út, mar boppedat is it in holistyske (alomfiemjende) stúdzje, en omfettet sadwaande ek in beheinde skiednis fan 'e oangeande etnyske groep en in analyze fan it fysike terrein en it klimaat fan harren wengebiet en it habitat dat hja dêrbinnen ynnimme. Yn alle gefallen moat in etnografyske stúdzje in oannimlike reäliteit útdrukke en in bydrage leverje oan it begryp fan 'e minsklike maatskippij.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.