In ferdjipping of etaazje is in bou- of wenlaach yn in gebou. Frijwol alle gebouwen hawwe mear as ien ferdjipping. Foar it berikken fan hegere of legere ferdjippings makket men gebrûk fan in trep, lift, rôltrep of soms in skeantebaan.
Beneaming
De bou- of wenlaach dy't hielendal of frijwol lykfalt mei it meanfjild is de grûnferdjipping, begeane grûn of it parterre. De laach dêrboppe is de earste ferdjipping of etaazje, de laach dêr wer boppe de twadde ferdjipping of etaazje, dy dêr wer boppe de trêde ferdjipping of etaazje, ensfh. De boulaach ûnder de grûnferdjipping, dy't dus ûnder de grûn leit, is de kelder.
In laach dy't heal ûnder en heal boppe de grûn leit, is in sûterrên. Yn sa'n boulaach falt it meanfjild likernôch lyk mei de ûnderkant fan 'e finsters. Yn âldere, steatlike wenten wiene yn dy boulaach faak de koken en/of de fertrekken fan it tsjinstfolk fêstige. De boulaach boppe in sûterrên, dy't likernôch in heale ferdjipping boppe it meanfjild útstiket, is de bel-etaazje, fan it Frânske belle, dat "moai" betsjut, yn dit gefal yn 'e sin fan "pronk", om't dat wie wêr't rike lju de gasten ûntfongen.
De measte moderne wenten hawwe gjin kelder mear, en alhielendal gjin sûterrên. Under it meanfjild leit dêr inkeld de krûpromte, in dreech tagonklike romte dêr't men inkeld krûpende yn kin. Dy is allinne mar bedoeld is foar ûnderhâld en de oanlis fan bekeabeling en liedings.
In heale tuskenferdjipping, dy't net it hiele oerflak fan it gebou beslacht, wurdt in tuskenflier, entresol of mezzanine neamd. Sokke tuskenferdjippings binne faak oanbrocht yn âldere gebouwen mei hege plafons, mei as doel om mear flieroerflak te krijen. De boppeste fersjipping hjit, fral wat gebouwen mei in skean dak oangiet, de souder. In lytse souder sûnder berinbere flier, of dêr't men net rjochtop gean kin, wurdt in flierring neamd. Guon gebouwen hawwe sawol in souder as, dêrboppe, in flierring.
Britske en Amerikaanske nûmering
Der besteane twa wichtige systemen foar de nûmering fan ferdjippings: it "Britske" en it "Amerikaanske" systeem.
Britsk systeem
Yn it Britske systeem kriget de grûnferdjipping (ground floor) it nûmer 0 (bgl. yn in lift), of wurdt hielendal net nûmere. De earste ferdjipping (first floor of first storey) is 1, de twadde (second floor of second storey) 2, ensfh. Dit systeem wurdt net inkeld tapast yn it Feriene Keninkryk, mar yn frijwol hiel Jeropa, en ek yn alle eardere Britske koloanjes, mei útsûndering fan Singapoer en Kanada, mar ynklusyf de Kanadeeske provinsje Kebek. Ek Nederlân folget yn 'e regel dit systeem.
Amerikaansk systeem
Yn it Amerikaanske systeem kriget de grûnferdjipping (first floor of first story) it nûmer 1. (Yn 'e Amerikaansk-Ingelske stavering mist it wurd story de Britske 'e'.) De earste ferdjipping (second floor of second story) wurdt dan 2, de twadde ferdjipping (third floor of third story) 3, ensfh. It Amerikaanske systeem wurdt behalven yn 'e Feriene Steaten en it meastepart fan Kanada ek yn Ruslân, Noarwegen en in protte Aziatyske lannen brûkt. Yn Nederlân wurdt yn it jargon fan 'e bousektor soms sprutsen fan 'boulagen' of 'wenlagen' ynstee fan 'ferdjippings'; yn sokke gefallen wurdt de grûnferdjipping de earste boulaach neamd, de earste ferdjipping de twadde boulaach, ensfh.
Byleauwe
Yn 'e Feriene Steaten hawwe hege gebouwen út byleauwe, om't it getal 13 ûngelok bringe soe, faak gjin trettjinde ferdjipping. De telling springt dan fan 12 direkt nei 14. Yn Sina wurde ferdjippings mei in 4 deryn faak oerslein om't yn it Sineesk "4" deselde útspraak hat as "dea".
Dekken
Op skippen wurde ferdjippings oantsjut as dekken. Utsein op hiele grutte skippen, dêr't de dekken nûmere wêze kinne, hawwe dekken faak spesifike beneamings, lykas haaddek, efterdek, healdek, ensfh. It skipsrom, tusken it ûnderste dek en de boaiem fan in skip yn, is gjin dek. Yn dûbeldeksbussen en dûbeldekstreinen sprekt men ek fan "dekken" ynstee fan "ferdjippings" (ntl.: it boppedek en it ûnderdek).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|