Esseks (Ingelsk: Essex) is in greefskip yn de Ingelske regio East-Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte waard yn 'e earste helte fan 'e 10e iuw. It leit benoardeasten Londen en grinzget oan de Noardsee. De haadstêd is Chelmsford. It greefskip beslacht 3670 km² en hat sa'n 1.729.200 ynwenners (2014).
De namme Esseks ferwiist nei it âlde keninkryk Esseks. Yn it tiidrek fan de Angelsaksen wie it de kontrei fan de East-Saksen en part fan de âlde heptargy.
Distrikten
Distrikten | Detailkaart |
---|---|
|
Universiteit
Esseks hat in wichtige universiteit yn de stêd Colchester, de University of Essex.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Essex fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.