Erotic Film Award (AFAA Award) | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | pornografyske film | |
útrikt troch | Adult Film Association of America | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) | |
ynsteld | 1977 | |
1e útrikking | 1977 | |
opheft | 1986 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De Erotic Film Awards, better bekend as de AFAA Awards wiene in groep Amerikaanske filmprizen dy't fan 1977 oant 1986 ienris yn it jier takend waarden foar de bêste pornografyske films. De prizen waarden yn santjin fêste kategoryen útrikt troch de Adult Film Association of America ("Pornografyske Filmferiening fan Amearika", AFAA), dy't yn 1969 yn Kansas City oprjochte wie, mei as doel om 'e sinsuer tsjin te gean en de Amerikaanske pornoyndustry te beskermjen tsjin gerjochtlike ferfolging foar obseniteit. De útrikkingsseremoanje waard holden yn Los Angeles, en de Erotic Film Awards wiene tsien jier lang de wichtichste prizen fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, ferlykber mei de status fan 'e Oscars yn 'e mainstream-filmyndustry.
Oarspronklik waarden de winners fan 'e Erotic Film Awards fêststeld troch de mear as 700 leden fan 'e feriening (produsinten, distributeurs en pornobioskoopeigners) stimme te litten. Nei ferrin fan jierren begûn lykwols de yndruk te ûntstean dat in lytse kliber fan produsinten dy't ôfkomstich wiene fan 'e Amerikaanske westkust ûnderinoar bepaalden wa't de AFAA-prizen krije soe, yn it bysûnder doe't de film Amanda By Night yn 1981 de Erotic Film Award foar bêste film ûntholden waard. Sadwaande stalde de AFAA fan 1982 ôf in ûnôfhinklike sjuery gear om 'e winners oan te wizen. De krityk hold lykwols oan, en doe't yn 1984 de priis foar bêste eroatyske sêne nei de film Virginia gie, late dat ta in spjalting yn 'e organisaasje, wêrby't it diel fan 'e leden dat opstapte de X-Rated Critics Organization oprjochte en syn eigen XRCO Awards begûn út te rikken.
Doe't fideobannen de echte pornofilms dy't fertoand waarden yn spesjale bioskopen begûnen te ferkringen, feroare de AFAA yn 1986 syn namme yn Adult Film and Video Association of America (AFVAA) en waard de kategory bêste pornografyske fideo tafoege. Tsjin dy tiid wie it mei de Erotic Film Awards lykwols al yn it neigean rekke, en as wichtichste Amerikaanske pornografypriis wiene se harren plak kwytrekke oan 'e yn 'e 1984 oprjochte AVN Awards. It jiers dêrop, 1987, besleat de organisaasje mei de Erotic Film Awards op te hâlden, en waard de namme fannijs feroare, diskear ta Adult Video Association (AVA). Yn 1987 waarden der sadwaande hielendal gjin prizen útrikt, mar fanôf 1988 sette de AVA útein mei de útrikking fan oeuvreprizen op in jierliks gala dat benammentlik bedoeld wie om jild byinoar te bringen foar it anty-sinsueraktivisme fan 'e organisaasje. Uteinlik gie de AVA yn 1992 op yn 'e Free Speech Coalition.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |