Ernest Miller Hemingway

Ernest Miller Hemingway (Oak Park (Illinois), 21 july 1899 – Ketchum (Idaho), 2 july 1961) wie in Amerikaansk skriuwer dy't de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1954 wûn.

Hemingway waard yn de tiid fan de Earste Wrâldoarloch ôfkeurd (grif om syn eagen). Yn stee fan soldaat waard hy foar it Reade Krús meiwurker yn in ambulance oan it Italjaanske front. Op 8 july 1918 rekke hy swierferwûne en bleau in skoftlang yn it hospitaal.

Hemingway wie trijeris troud (mei Hadley Richardson (1921), Pauline Pfeiffer (1927) en Martha Gellhorn (1940)) eardat hy yn 1944 mei Mary Welsh troude. Hy wie de heit fan trije bern, wêrfan ien soan (John) mei Hadley Richardson, en twa soannen mei Pauline Pfeiffer (Patrick en Gregory).

Hy wûn mei it boek The old man and the sea yn 1953 de Pulitzerpriis en yn 1954 de Nobelpriis foar de Literatuer.

Syn lêste libbensjierren, wêryn't er oan swiere depresjes te lijen hie, brocht hy benammen troch op Kuba. Op 2 july 1961 benom hy him it libben mei in skot út syn favorite gewear. Hy wie net de ienige yn syn famylje dy't selsmoard plege, Syn heit, broer, suster en syn pakesizzer Margaux Hemingway kamen op inselde wize oan harren ein.

Hemingway waard bekend troch syn koarte ferhalen, dy't skaaimerke wurde troch in unike, sobere en lakonike ferhaaltrant. Syn styl soe grutte ynfloed útoefenje op it moderne Amerikaanske proaza.

Bibliografy (karút)

  • Three Stories and Ten Poems (1923)
  • In Our Time (1925)
  • The Torrents of Spring (1926)
  • The Sun Also Rises (1926)
  • Men Without Women (1927)
  • A Farewell to Arms (1929)
  • Death in the Afternoon (1932)
  • Winner Take Nothing (1933)
  • Green Hills of Africa (1935)
  • To Have and Have Not (1937)
  • The Fifth Column and the First Forty-Nine Stories (1938, ferhalebondel)
  • For Whom the Bell Tolls (1940)
  • Across the River and Into the Trees (1950)
  • The Old Man and the Sea (1952)
  • The Snows of Kilimanjaro and Other Stories (1961)
  • Hemingway, The Wild Years (1962)
  • A Moveable Feast (1964)
  • By-Line: Ernest Hemingway (1967)
  • The Fifth Column and Four Stories of the Spanish Civil War (1969)
  • Ernest Hemingway: Cub Reporter (1970)
  • Islands in the Stream (1970)
  • The Nick Adams Stories (1972)
  • 88 Poems (1979)
  • Selected Letters 1917-1961 (1981)
  • The Short Stories of Ernest Hemingway (1984)
  • The Dangerous Summer (1985)
  • Dateline: Toronto (1985)
  • The Garden of Eden (1986) manuskript troch Hemingway sels, bewurke troch neisieten
  • The Complete Short Stories of Ernest Hemingway (1987)
  • Everyman's Library: The Collected Stories (1995)
  • Hemingway on Writing (1999)
  • True at First Light ûnfoltôge bleaun, bewurke troch neisieten en postúm publisearre yn 1999
  • Hemingway on Fishing (2000)
  • Hemingway on Hunting (2003)
  • Hemingway on War (2003)
  • Under Kilimanjaro (2005)
  • Hemingway on Paris (2008)

Sjoch ek

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ernest Hemingway fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.