Erfurt
Mariendom en Severikirche
Mariendom en Severikirche
Polityk
LânDútslân
DielsteatTueringen
BoargemasterAndreas Bausewein
Sifers
Ynwennertal204.880 (2013)
Oerflak269,17 km²
Befolkingsticht.761 km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 59' NB, 11° 2' EL
Offisjele webside
www.erfurt.de
Binnenstêd by twiljocht
Anger (1988)

Erfurt is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Tueringen en hat 204.880 ynwenners. Bestjoerlik hat it de status fan kreisfreie Stadt (stedsdistrikt).

Erfurt waard 742 foar it earst neamd, meidat Bonifatius dêr in bisdom stifte. It âld sintrum hat relatyf net folle te lijen hân yn de oarloch. Yn de tiid fan DDR wie Erfurt de haadstêd fan it bezirk Erfurt.

It besjen wurdich binne de romaansk-goatyske dom, dy't boud waard fan de 12e oant de 15e iuw, de sitadel en it merkplein. It stedhûs is boud yn neogoatische styl.

Erfurt hat sûnt 1392 in universiteit (mar fan 1816 oant 1994 net). It wie de trets oprjochte universiteit yn Dútslân (nei dy fan Keulen en Heidelberch) en yn de 15e iuw wie it de grutste. De universiteit joech ûnderrjocht oan lettere wichtige Renêssânse-humanisten. Maarten Luther studearre dêr fan 1501 oant 1505.

Stedsdielen

  • Alach
  • Altstadt
  • Andreasvorstadt
  • Azmannsdorf
  • Berliner Platz
  • Bindersleben
  • Bischleben-Stedten
  • Brühlervorstadt
  • Büßleben
  • Daberstedt
  • Dittelstedt
  • Egstedt
  • Ermstedt
  • Frienstedt
  • Gispersleben
  • Gottstedt
  • Erfurt-Herrenberg
  • Hochheim
  • Hochstedt
  • Hohenwinden
  • Ilversgehofen
  • Johannesplatz
  • Johannesvorstadt
  • Kerspleben
  • Krämpfervorstadt
  • Kühnhausen
  • Linderbach
  • Löbervorstadt
  • Marbach
  • Melchendorf
  • Mittelhausen
  • Möbisburg-Rhoda
  • Molsdorf
  • Moskauer Platz
  • Niedernissa
  • Rieth
  • Rohda (Haarberg)
  • Roter Berg
  • Salomonsborn
  • Schaderode
  • Schmira
  • Schwerborn
  • Stotternheim
  • Sulzer Siedlung
  • Tiefthal
  • Töttelstädt
  • Töttleben
  • Urbich
  • Vieselbach
  • Wallichen
  • Waltersleben
  • Wiesenhügel
  • Windischholzhausen

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.