Eppenhuizen (Grinslannersk: Eppingehoezen, Eppenhoezen of Epmhoezn) is in lyts wierdedoarp yn de gemeente It Hegelân yn Grinslân. It leit oan de wei fan de Iemshaven nei Uithuizen. Tusken de wei en it doarp stiet in yn 1882 boud sealtsjerkje, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as wenning. It tsjerkje is op it plak komd fan de ôfbrutsen midsiuwske tsjerke mei in dêrfan lossteande toer.
By it doarp begjint de Eppenhuistermaar, dy't by Zandeweer de namme Zandeweerstermaar krijt en op it lêst útrint yn it Bûterdjip.
- It earder kafee Bos út 1928
- De pleats Quatre Bras út 1880 oan de westkant fan it doarp
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.