Epo fan Douma (Huzum, 24 juny 1542 - Nijlân, 24 juny 1602) wie in Frysk ealman. Berne op Sint Jansdei op de Abbingastate yn Huzum en ferstoarn op Sint Jan op Hottingastate yn Nijlân. Ienich bern fan Goffe fan Douma en Wick Abbingha, besibbe oan in soad Fryske eallju en in foarfjochter foar de Fryske Frijheid. Hy wie herfoarmingsgesind en in freon fan Gellius Snekanus. Hy wie tsjin de Greve fan Rennenberg en foar de Uny fan Utert.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Douma, Epo van,.
  • NNBW
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.