Entertainment Weekly | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | entertainment | |
frekwinsje | 1 × yn 'e moanne | |
bestean | 1990 – no | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | Dotdash Meredith | |
oplaach | 1,8 miljoen (2014) | |
ISSN | 1049-0434 | |
offisjele webside | ||
ew.com |
Entertainment Weekly, soms ôfkoarte ta EW, is in Amerikaanske tydskrift dat publisearre wurdt troch Dotdash Meredith. It behannelet film, tillefyzje, muzyk, toaniel, boeken en oare foarmen fan entertainment. Nettsjinsteande de namme, dy't safolle as "Wykblêd oer Entertainment" betsjut, is it tydskrift in moanneblêd. Oars as publikaasjes dy't benammen rjochte binne op it bringen fan berjochten oer ferneamde persoanen (oftewol de rabbersblêden), lykas Us Weekly en People, leit Entertainment Weekly him benammen ta op algemien nijs oer ûntwikkelings yn 'e entertainmentyndustry en resinsjes. Oars as Variety en The Hollywood Reporter, dy't ek nijs en resinsjes bringe, mar rjochte binne op lju yn 'e entertainmentyndustry sels, is Entertainment Weekly bedoeld foar it algemiene publyk.
Skiednis
Entertainment Weekly ûntstie as susterútjefte fan it blêd People. It waard betocht troch Jeff Jarvis en oprjochte troch Michael Klingensmith, dy't oant oktober 1996 as haadredakteur tsjinne. It earste nûmer fan wat doe noch in wykblêd wie, kaam út op 16 febrewaris 1990.
Yn 1996 wûn it blêd de prestizjeuze National Magazine Award fan it Amerikaansk Genoatskip fan Tydskriftredakteurs (ASME) foar algemiene treflikens. Entertainment Weekly wûn deselde priis yn 2002 op 'e nij.
Yn septimber 2016 rjochte Entertainment Weekly y.g.m. People it People/Entertainment Weekly Network op, in fergees online fideonetwurk op it mêd fan bekendheden, popkultuer en lifestyle. Yn septimber 2017 waard dat omneamd ta PeopleTV.
Yn augustus 2019 feroare Entertainment Weekly fan in wykblêd yn in moanneblêd. Hoewol't it foartiid noch gjin ferlies litte, wiene de winsten yn 'e foargeande jierren hieltyd lytser wurde troch it belúnjen fan 'e lêzersoantallen. Dat wie benammen te witen oan 'e algemiene ûntlêzing. Dotdash Meredith, dat it blêd útjout, naam it idee yn omtinken om Entertainment Weekly te ferkeapjen, mar besleat it te hâlden om't it sa ferweve is mei People.
Hjoeddeistige sitewaasje
Anno 2023 is Entertainment Weekly in tydskrift dat ienris yn 'e moanne ferskynt. De redaksje is fêstige yn New York. Yn 2014 hie it blêd noch in oplaach fan 1,8 miljoen eksimplaren. De ynhâld bestiet út artikels (faak yn 'e foarm fan resinsjes) oer nij útkommen films, tillefyzjesearjes, albums, boeken, toanielstikken en fideospultsjes. Ek wurdt der skreaun oer bekende persoanen lykas akteurs, presintators en komiken, mar dat is yn it gefal fan Entertainment Weekly in bysaak, en gjin haadsaak lykas by de susterútjefte People. Fierders befettet it blêd ek advertinsjes en ynstjoerde brieven.
Entertainment Weekly beskikt fierders oer in eigen webside, EW.com, dy't de lêzers op deistige basis op 'e hichte hâldt fan 'e ûntwikkelings yn 'e Amerikaanske entertainmentyndustry.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |