Enger | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Herford |
Sifers | |
Ynwennertal | 20.483 (31-12-2016) |
Oerflak | 41.21 km² |
Befolkingstichtens | 500 /km² |
Hichte | 107 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | Iere Midsiuwen (ierste ferm: 948) |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 52°8′0″N 8°34′0″E |
Webside | www.enger.de |
Enger is in stêd en gemeente yn it distrikt (kreis) Herford yn Noardryn-Westfalen, Dútslân. It plak hat goed 20.000 ynwenners. Enger leit tusken it Teutoburgerwâld en it Wiehenberchtme en it leit sa'n 6 kilometer bewesten Herford, it haadplak fan it distrikt. Oare plakken yn de omkriten binne: Spenge, Bünde, Hiddenhausen en Bielefeld.
Skiednis
It plak waard foar it earst neamd yn 948 en neamt himsels Widukindstêd. De Saksyske lieder Widukind ferstoar yn 808, mar der is gjin bewiis dat Enger yn syn tiid al bestien hat. Neffens in leginde hat Widukind nei syn doopjen in tsjerke stifte en dat er dêr oant syn dea wenne hat. Hy waard begroeven yn de tsjerke fan Enger en syn tombe stiet der noch hieltyd. Nettsjinsteande dat, bliuwt it drúskjen oft it stoflik omskot fan Widukind wier yn de tombe leit. Undersiken hawwe oantoand dat it tinkstien fan om 1100 hinne is.
Plakken
De gemeente Enger bestiet út de folgjende plakken (befolking fan 31 desimber 2005):
- Belke-Steinbeck (2.471)
- Besenkamp (1.849)
- Dreyen (1.404)
- Enger (7.809)
- Herringhausen (West) (430)
- Oldinghausen (773)
- Pödinghausen (2.181)
- Siele (122)
- Westerenger (3797)
It besjen wurdich
- Widukinds tombe
- Widukind museum
- Widukindfeest ("Timpkenfest"), dat holden is jierliks op 6 jannewaris 6
- "Kirschblütenfest".
Ofbylden
- Stifttsjerke
- Toer fan de Stifttsjerke
- Widukindmuseum
- Liesbergmûne
- Krusing yn Dreyen
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|