Foarbylden fan emoasjes mei de kleuren dêr't se ornaris mei assosjearre wurde.

Emoasje (fan it Frânske émotion, fan it tiidwurd émouvoir, dat "oproppe [fan gefoelens]" betsjut) is eltse bewuste ûnderfining dy't karakterisearre wurdt troch in yntinse mentale aktiviteit en in beskate hoemannichte fernoegen of misnoegen. In synonym is gefoelens, in wurd sûnder inkeltalsfoarm. Der bestiet wittenskiplik sjoen gjin konsensus oer de krekte definysje fan it begryp 'emoasje'. Wol is dúdlik dat emoasje as ferskynsel faak eleminten omfettet fan humeur, timperamint, persoanlikheid, aard en motivaasje. Yn beskate wittenskiplike teoryen is fierders kognysje in wichtich aspekt fan emoasje: lju dy't harren yn har hâlden en dragen meislepe litte troch harren emoasjes kinne de yndruk jaan as oft se net neitinke, mar tinkprosessen binne ek yn sa'n gemoedstastân wol deeglik essinsjeel, benammen by de ynterpretaasje fan dingen dy't om jin hinne barre. Oare teoryen hâlde lykwols út dat emoasje losstiet fan en foarôfgean kin oan kognysje.

Los fan 'emoasje' as oerkoepeljend begryp wurde ek ûnderskate emoasjes mei datselde wurd oantsjut. Foarbylden fan emoasjes binne argewaasje, begrutsjen, belangstelling, berou, bleuens, blydskip, eangst, entûsjasme, ferachting, ferheardens, ferlegenheid, fernedering, fernuvering, fertriet, fertrouwen, ferûntweardiging, frustraasje, geniet, grutskens, haat, hertstocht, hoop, iensumens, jaloerskens, depressiviteit, leafde, leedfermaak, leffens, lijen, lokkigens, lulkens, lust, moed, nijsgjirrigens, noed, panyk, razernij, selsfertrouwen, senuweftigens, skamte, skok, spyt, tagedienens, tankberens, teloarstelling, walging, wanhoop en wille. Sokke emoasjes wurde oproppen as men in beskate ûnderfining hat dy't fuorkomt út in sitewaasje dêr't men yn pleatst is. Neffens de wittenskip binne sokke gefoelens evoluëarre yn 'e foarm fan motivaasjes foar feroarings op it mêd fan hâlden en dragen, dy't bydroegen oan it oerlibjen fan 'e minske, doe't dy soarte noch 'yn it wyld' libbe.

Emoasjes binne kompleks. Neffens guon wittenskiplike teoryen binne se ferskillende steaten fan gefoel, resultearjend yn fysike en psychologyske feroarings, dy't ynfloed útoefenje op jins hâlden en dragen. De fysiology fan emoasjes is nau besibbe oan it prikjen fan it senuwstelsel, wêrby't de sterkte fan 'e prikels ferbân hâldt mei ferskillende emoasjes. Emoasje hat ek te krijen mei mentale eigenskippen dy't ta utering komme yn jins hâlden en dragen: ekstroverte lju sille earder harren emoasjes blike litte, wylst yntroverte minsken harren emoasjes faak ferbergje. Dat stiet dan sydlings wer yn ferbân mei it feit dat ekstroverte lju oer it algemien hiel sosjaal binne, wylst yntroverte lju ornaris mear in sosjaal weromlutsen bestean liede. Emoasje is faak de driuwende krêft efter motivaasje, oft dy no posityf of negatyf is. Guon psychologyske teoryen wolle lykwols hawwe dat emoasjes net de oarsaken fan sokke motivaasje binne, mar inkeld in ûnderdiel derfan.

De ûnderdielen fan emoasjes binne û.o. subjektive ûnderfining, kognitive prosessen, ekspressyf en ynstruminteel hâlden en dragen en psychofysiologyske feroarings. Foarhinne besochten ûndersikers emoasjes te identifisearjen mei ien fan dy ûnderdielen: bgl. William James mei subjektive ûnderfining, gedrachswittenskippers mei hâlden en dragen, en psychofysiologen mei fysiologyske feroarings. Resintere teoryen wolle hawwe dat emoasje feroarsake wurdt troch al dy aspekten. It wittenskiplik ûndersyk nei it ferskynsel 'emoasje' is sûnt likernôch 2000 sterk tanommen. Dêrby leverje ferskate tûken fan 'e wittenskip bydragen, lykas de psychology, sosjology, neurowittenskippen, endokrinology, genêskunde, historiografy en ynformatika. De withoefolle teoryen dy't besykje de oarsprong, neurobiology, ûnderfining en funksje fan emoasjes út te lizzen, hawwe inkeld laat ta noch yntinser ûndersyk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Damasio, A.R., Emotions and Feelings, yn: Manstead, A.S.R.; Frijda, N.; en Fisher, A., (red.), The Amsterdam Symposium, s. 49-57, Cambridge, 2004 (Cambridge University Press), ISBN 0 52 18 16 521.
  • Kok, A., Het Hiërargisch Brein: Inleiding tot de Cognitieve Neurowetenschap, Assen, 2004 (Van Gorcum), ISBN 9 02 32 39 776.
  • Lane, R.D. en Nadel, L., Cognitive Neuroscience of Emotion, Oxford, 2000 (Oxford University Press).
  • Panksepp, J., Neurochemical Control of Moods and Emotion: Aminoacids to Neuropeptides, yn: Lewis, M. en Havilland, J.M., (red.), Handbook of Emotions, s. 87-107, New York, 1993 (Guilford).

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.