Emmermeer | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Emmen | |
plak | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.020 (2017)[1] | |
Oerflak | 173 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 7815 | |
Koördinaten | 52° 47' 50" NB, 6° 53' 42" EL | |
Kaart | ||
Lizzing fan Emmermeer yn de stêd Emmen |
Emmermeer is in wyk yn it noarden fan de Drintske stêd Emmen. De wyk wie de earste útwreidingswyk fan Emmen en wie yn de 1950-er jierren ornearre foar de yndustrialisaasje, dy't de hege wurkleazens yn it súdeasten fan Drinte tsjin gean moast.
Skiednis
De namme fan de wyk komt fan in eardere mar dy't oant 1857 op dat plak lei. De namme Emmermeer betsjut "Emmermar". Dy mar wie likernôch 40 bunder grut en wie net djip en lei op in hichte fan 20 meter boppe seenivo. De mar waard omjûn troch heger lizzende gebieten. Westlik lei in ies dy't 26 meter boppe seenivo lei. Eastlik lei in heuvelrêch, Wolfsbergen mei in hichte fan 24 meter, dy't troch sânferstowings ûntstien wie. Noardlik lei it Emmerfjild, dat hjoed-de-dei it Valtherbosk is mei in hichte fan 25 meter. Tusken dy hegere gebieten ûntstie sadwaande de Emmermar. De mar wie bytiden earder in petgat as in wier mar. It wetterpeil wie ôfhinklik fan de hoemannichte rein dy't der yn in beskate tiid foel. Skieppehâlders moasten foar it waskjen fan harren skiep gauris útwike nei de djippere grêft fan de Emmerskâns of nei in lytse sânmar yn de bosk de Emmerdennen.
It ferdwinen fan de Emmermar wie it gefolch fan it graven fan it Oranjekanaal. Tusken de Drintske Haadfeart en it Van Echtenkanaal yn Klazienaveen waard tusken 1853 en 1858 in nij ferbiningskanaal groeven. Oant 1850 wie Emmen in lânboudoarp dy't foar twatred omjûn waard troch feangrûn. Nei 1850 waard der úteinset mei it oanmeitsjen fan it fean en dêr wie ûntsluting oer wetter foar nedich. Dêrom waard it Oranjekanaal groeven. Dat kanaal lei 7 meter leger as de Emmermar en dat late der ta dat de mar stadichoan drûch foel. Earstoan wie it plak fan de eardere mar noch wiet en sompich. Letter waard der lânbougrûn fan makke, wylst yn de noardwesthoeke de grûn minder fruchtber wie en dêr heide op woeks. Dwers troch de opdrûge mar ûnbtstiene sânpaden.
Yn de 1920-er jierren waarden de earste wenten fan de wyk boud. Nei 1950 wie der ferlet fan mear wentebou nei't it súdeasten fan Drinte oanmurken waard as ûntwikkelingsgebiet, dêr't der metaal- en tekstylfabriken harren yn it plak troch fêstigen. Emmen ûtjoech him ta in stêd en it lânbougrûn yn de eardere mar waard omfoarme ta de wenwyk. Benammen by de grutte sândiken troch de âlde mar hinne waarden wenten boud.
Hjoed-de-dei hat de wyk lykwols noch hieltyd lêst fan heech wetterstân nei grutte reinfal.
Westlik fan de wyk Emmermeer lizze trije hunebêden: D41, D42 en D43. It lêstneamde hunebêd is it iennige langgrêf yn Nederlân. Justjes noardlik fan de wyk binne noch fjouwer hunebêden D35, D38, D39 en D40 yn de Valtherbosk.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wiken en buerten yn Emmen | ||
---|---|---|
Wiken: Angelslo • Bargeres • Bargermeer • Delftlanden • Emmerhout • Emmermeer • Emmerschans • Parc Sandur • Rietlanden • Sintrum | ||
Buorskippen: Barger-Oosterveld • Noordbarge • Weerdinge • Westenesch • Zuidbarge | ||
wizigje |