Emmerhout
Emmerhout jûns
Emmerhout jûns
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen
plak Emmen
Sifers
Ynwennertal7.350 (2017)[1]
Oerflak208 ha
Oar
Postkoade7823
Koördinaten52° 47' 35" NB, 6° 56' 20" EL
Kaart
Emmerhout jûns
Lizzing fan Emmerhout yn de stêd Emmen

Emmerhout is in wyk yn de Drintske stêd Emmen, dy't boud waard yn de lette 1960-er jierren en iere 1970-er jierren. De wyk grinzget oan de bosk de Emmerdennen. De arsjitekt Arno Nicolaï hat in wichtige rôl spile by it ta stân kommen fan de wyk.

Beskriuwing

De wyk waard boud op in plak dêr't in soad natuerlike lytse heuvels foarkomme. De hichteferskillen binne noch goed te sjen yn de wyk. Emmerhout, lykas de rest fan Emmen, is rom en grien opset. Emmerhout wie, tegearre mei de wyk Angelslo, de earste wyk mei skate ferkearstreamen. Sa binne autodiken en fytspaden faninoar skaat. Yn de wyk binne ek in soad balstiennen, dy't der yn de gea in soad foarkamen. Dy binne op in natuerlike wize yn de wyk ferwurke.

De measte hûzen hawwe platte dakken en waarden ynearsten foar fabryksarbeiders ornearre. Emmerhout wie de earste wyk yn Nederlân mei wenhiemen. Eltse wenhiem hat in eigen kleur hûsnûmers; wyt, grien, read, giel en blau. Yn it opsetten fan de wyk binne fjouwer wetterboartersplakken opnommen dyt troch de bewenners ûnderholden en beheard wurde.

De arsjitektuer fan Emmerhout skaaimerket him troch strakke geometryske foarmen, dêr't benammen de rjochthoeke werom yn komt. Dat is werom te sjen yn de foarmen fan de hûzen, sa as hûzeblokken mei platte dakken, breed dakplaat en de betonnen plaat ûnder de ruten fan de boppeferjipping. De Apolloflats hawwe in rjochthoekich rútsje yn de balustrade fan it balkon. Fierder steane der yn de wyk rjochthoekige betonnen sitbanken. De kleuren read, wyt en blau komme gauris werom. Yn it winkelsintrum en ek by it monumint by de yngong fan de wyk wiene oant koartlyn de basiskleuren.

It Winkelsintrum Emmerhout foarmet it mulpunt fan de wyk. It wengebiet o, it winkelsintrum hinne wurdt skaaimerke troch in soad heechbou, mei ûnder oaren in wentoer. Dy toer wie mei in hichte fan 55 meter, by it reekommen, de heechste wentoer fan Noard-Nederlân.

De Houtweg ferbynt de ferskate strjitten en leanen meiïnoar.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emmerhout fan Wikimedia Commons.
Wiken en buerten yn Emmen
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.