Théo van Rysselberghe, In foardracht troch Emile Verhaeren

Emile Verhaeren (Sint-Amands, 21 maaie 1855 - Rouen (Frankryk), 27 novimber 1916) wie in Flaamsk auteur dy't yn it Frânsk skreau. De berte-akte jout de foarnammen Emile Adolphus Gustavus (dat net Émile lykas ûnrjochtlik meastentiids skreaun wurdt). De âlden fan Verhaeren joegen harren bern nammers allegearre Flaamske foarnammen, nammentlik Leo en Maria. Verhaeren studearre oan it Sint-Barbarakolleezje yn Gent, dêr't ek al syn freon Georges Rodenbach studearre.

It wurk fan Emile Verhaeren bestiet fral út poëzij. Ynearstenoan behearde er ta it naturalisme, mar as dichter wurdt er meastentiids ta it symbolisme en it mystisisme rekkenne. Marie Gevers, ek in Flaamsk auteur dy't fral yn de Frânske taal publisearre, kaam fia syn nicht mei him yn kontakt. Verhaeren stipelearre har om te skriuwen. Beide binne ek yn it bûtenlân ferneamd rekke en guon wurken binne yn in tal talen oerset.

Portret fan Emile Verhaeren (1915) troch syn freon Théo van Rysselberghe

Verhaeren stoar yn Rouen doe't er op in ridende trein springe woe. Hy soe op dat stuit de legindaryske wurden sprutsen hawwe: Myn frou, myn heitelân. Dat is lykwols tige ûnwierskynlik.

Yn Sint-Amands is it Emile Verhaerenmuseum fêstige, lykas de sit fan it Emile Verhaerengenoatskip.

Yn 2005 einige Emile Verhaeren op nûmer 166 yn de Flaamske fersy fan De Grootste Belg (in tillefyzjeprogram), bûten de offisjele nominaasjelist. Yn de Waalske fersy einige er op nûmer 67.

De Eastenrykske skriuwer Stefan Zweig (1881-1942) brcht it wurk fan Verhaeren yn it Dútske taalgebiet ûnder de oandacht en tsjûget fan syn bewûndering foar Verhaeren yn syn autobiografy 'De wrâld fan juster. Oantinkens fan in Europeaan'. Johannes Schlaf hat guon wurken fan Verhaeren oerset yn it Dútsk.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.