It Elvis Presley Museum is in museum yn Molkwar yn Súdwest-Fryslân.
It museum toant alderlei stikken út it libben fan de Amerikaanske sjonger en akteur Elvis Presley. Der is ûnder mear in sinjearde gitaar út 1959 oanwêzich dy’t de sjonger bespile yn de tiid fan syn militêre tsjinst yn Dútslân. Der wurde ek ferskate stikken klean fan de sjonger toand út deselde perioade en in shirt dat er oan hie by de opnames fan de film Jailhouse rock (1957). Ek binne der filmsheets fan dizze film oanwêzich dy’t komme út de MGM Studios. Dêrneist wurde der ferskate oare stikken toand as bygelyks sinjearde platehoezen, filmposters, foto's, platen, ensfh.
De samling waard gearbrocht troch de eigenaresse Joke van Gent. Hja is sûnt 1956 fan en samler fan memorabilia fan Elvis. Hja iepene it museum yn 2000 yn antykpleats "De Marpleats" tusken Starum en Hylpen. De antykpleats wurdt tagelyk brûkt as museumwinkel mei besibbe artikels as orizjinele Amerikaanske jukeboxen fan it merk Rudolph Wurlitzer Company, popcornmasines en benzinepompkes.
Galery
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Elvis Presley Museum Molkwerum fan Wikimedia Commons. |