Elstree Studios
De Elstree Studios yn maaie 2010.
De Elstree Studios yn maaie 2010.
algemien
nasjonaliteit Britsk
typeprivaat
sektortillefyzje- en filmyndustry
fêstige ynBorehamwood (Ingelân)
oprjochte1925
oprjochterBritish National Pictures
eignerHertsmere Borough Council
offisjele webside
www.elstreestudios.co.uk
kaart
Elstree Studios (Ingelân)
Elstree Studios
Lokaasje yn Ingelân.

De Elstree Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske stedsje Borehamwood, yn it greefskip Hertfordshire. Se binne ferneamd nei Elstree, in doarp yn 'e neite fan dy lokaasje. It kompleks bestiet sûnt 1925 en is sûnt 1996 eigendom fan Hertsmere Borough Council, de pleatslike gemeenterie. It wurdt sûnt hierd en eksploitearre troch it bedriuw Elstree Film Studios Ltd. Dit studiokompleks oan Shenley Road moat net betize wurde mei ferskate oare studiokompleksen dy't om Borehamwood en Elstree hinne fêstige binne, en dy't mei-inoar soms ek wol 'de Elstree Studios' neamd wurde. De Elstree Studios oan Shenley Road binne bekend om't der opnamen plakhân hawwe foar ferskate ferneamde films, wêrûnder The Shining, de trije dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de earste dielen fan 'e Indiana Jones-filmsearje.

Skiednis

Iere jierren

De Elstree Studios waarden yn 1925 oprjochte doe't filmstudio British National Pictures 16 ha lân yn Borehamwood oankocht, oan 'e súdkant fan Shenley Road, dêr't twa grutte soundstages boud waarden. De earste film dy't dêr opnommen waard, wie Madame Pompadour, yn 1927. Datselde jiers waard British National omneamd ta British International Pictures (BIP). Dat bedriuw waard yn 1933 de Associated British Picture Corporation (ABPC), dy't de Elstree Studios oant 1969 yn besit hie. Under de Twadde Wrâldoarloch waard it studiokompleks troch it Britsk Ministearje fan Oarloch brûkt foar opslach.

Yn 1946 kocht de Amerikaanske studio Warner Bros. in mearderheidsoandiel yn 'e ABPC, wêrnei't in nij bestjoer oansteld waard. De Elstree Studios sa't se doe bestiene, giene tsjin 'e flakte en waarden hielendal ferfongen troch nijbou. Dy kaam yn 1948 ree, wêrnei't Man on the Run en The Hasty Heart (mei û.o. de lettere Amerikaanske presidint Ronald Reagan) de earste films wiene dy't der opnommen waarden.

Yn 'e 1960-er jierren waarden de Elstree Studios gauris brûkt foar opnamen fan tillefyzjeprogramma's foar ABC Television, de tillefyzjestudio fan ABPC. Sa waarden de lettere ôfleverings fan The Avengers (yn Nederlân útstjoerd as De Wrekers) der opnommen, en teffens ôfleverings fan The Saint (mei Roger Moore). Dy makken allegear yngeand gebrûk fan in fêste filmset dy't bestie út in neiboud stedsje, dat efter de soundstages yn 'e iepen loft boud wie, oarspronklik foar de film The Young Ones, mei sjonger Cliff Richard, út 1961.

Oername troch EMI

Yn 1969 waard de ABPC oernommen troch platemaatskippij EMI (Electrical and Musical Industries), wêrnei't it studiokompleks de EMI-Elstree Studios kaam te hjitten. It waard neitiid brûkt troch EMI Films, de filmstudio fan EMI, om films te meitsjen lykas The Railway Children (1970), The Tales of Beatrix Potter (1971) en The Go-Between (1971). Fan 1970 oant 1973 hie EMI in oerienkomst mei de Amerikaanske filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) foar filmproduksje en filmdistribúsje, dy't ta stân kaam nei de sluting fan 'e MGM-British Studios yn Elstree. Yn dy perioade stie it studiokompleks bekend as de EMI-MGM Elstree Studios.

Yn 1974 waard it meastepart fan 'e stêf fan it studiokompleks ûntslein, wat te witen wie oan besunigings fan it needlijende EMI Films, mar ek oan 'e feroarjende omstannichheden yn 'e filmyndustry. Regisseurs en filmprodusinten woene nammentlik mei harren eigen filmcrew wurkje en studiokompleksen begûnen inkeld noch romte foar opnamen en oare fasiliteiten te ferhieren.

Heechtijdagen

Yn 'e 1970-er jierren en iere 1980-er jierren waarden ferskate tige súksesfolle films opnommen yn 'e Elstree Studios, lykas it Agatha Christie-mystearje Murder on the Orient Express (1974), fan Sidney Lumet; de science fiction-film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), fan George Lucas; de horrorfilm The Shining (1980), fan Stanley Kubrick; en de aventoerefilm Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark (1981), fan Steven Spielberg. Ek de ferfolchfilms Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), Indiana Jones and the Temple of Doom (1984), Empire of the Sun (1987) en Indiana Jones and the Last Crusade (1989) waarden foar in part yn 'e Elstree Studios filme.

De Elstree Studios yn ±1936, ûnder it bewâld fan British International Pictures.

Lettere jierren

Yn 1979 fusearre Thorn Electrical Industries mei EMI en kamen de Elstree Studios yn it besit fan Thorn EMI Screen Entertainment, wêrnei't se de Thorn-EMI Elstree Studios neamd waarden. Yn 1985 waard it studiokompleks te keap set. It waard yn 1986 oankocht troch de Herron-Cannon Group foar filmstudio Cannon Films, mar yn 1988 waard it kompleks trochferkocht oan Brent Walker, in projektûnwikkelingsbedriuw dat in grut part fan 'e grûn ferkocht, wêrnei't de gebouwen sljochte en ferfongen waarden troch in Tesco-supermerk.

Dy ûntwikkeling kaam ferset tsjin en de kampanje Save Our Studios ("Rêd Us Studios") waard úteinset troch de bedriuwslieder fan it studiokompleks Andrew Mitchell en it gemeenteriedslid Paul Welsh, dy't stipe krigen fan in protte akteurs fan namme. Hertsmere Borough Council, de pleatslike gemeenterie, sprong úteinlik yn 'e bres en kocht it oerbleaune diel fan 'e Elstree Studios yn febrewaris 1996 oan. Der waard in bedriuw oprjochte om 'e studio's út namme fan 'e gemeenterie te eksploitearjen, dat earst Elstree Film & Television Studios Ltd hiet, mar no Elstree Film Studios Ltd.

Sûnt binne der films opnommen lykas Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en The Other Boleyn Girl (2008). Ek wurde der tillefyzjeprogramma's foar de BBC makke fia in pachtoerienkomst mei BBC Studioworks. Dêrby giet it û.m. om 'e dûnswedstryd Strictly Come Dancing en de tillefyzjekwis Pointless.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.