![](../I/Molen_De_Hoop%252C_Elspeet_06-09-2012_(7).jpg.webp)
Elspeet is in doarp yn de gemeente Nunspeet op de Feluwe yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It doarp hat mei it bûtengebiet likernôch 4400 ynwenners. Nei Nunspeet is Elspeet is grutste doarp fan de gemeente.
Geografy
It doarp leit sa'n tsien kilometer súdlik fan Nunspeet en likernôch fjouwer kilometer noardlik fan it doarp Uddel op de noardlike Feluwe. It doarp leit yn in lânbougebiet, dat omseame wurdt fan bosk en heide. Elspeet is in toeristysk sintrum en hat trije kampings.
Religy
![](../I/Elspeet%252C_Hesteld_Herfoarme_Tsjerke.jpg.webp)
Elspeet stiet bekend as tige tsjerklik. It doarp hat in Hersteld Herfoarme gemeente, in PKN-gemeente, in Grifformearde Gemeente, in Ald Grifformearde gemeente en in Grifformearde Gemeente yn Nederlân.
Polityk
By de riedsferkiezings fan 3 maart 2010 krige de Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) 61,6% fan de stimmen. By de Steateferkiezings yn 2011 wie it perzintaazje sels 65,3%. Yn 2010 waard hast 90% fan de stimmen op in kristlike partij útbrocht.
Monuminten (karút)
- Herfoarme tsjerke (16e iuw), Nunspeterweg 5
- Mûne De Hoop (1894), Molenweg 12
- Pleats (1731), Apeldoornseweg 13
- Pleats (18e iuw), Nunspeterweg 72
- Meardere grêfheuvels yn de omkriten út it neolitikum en/of de brûnstiid
Keppeling om utens
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Elspeet fan Wikimedia Commons. |