Elslo | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 675 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 17,73 km², wêrfan: - lân: 17,61 km² - wetter: 0,13 km² | |
Befolkingsticht. | 39 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 56' N 6° 14' E | |
Lokaasje Elslo (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
elsloo-fr.nl | ||
Kaart | ||
Elslo is in doarp noardwest fan it Drintsk-Fryske Wâld yn de gemeente Eaststellingwerf. Under Elslo falle ek de buorskippen Tronde, De Monden, De Riete, Súdhoarne en Kanada.
Elslo hat 675 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Elslo ûntliend syn namme oan de natuerlike omjouwing. Loo betsjut bosk, in elzebosk dus. It doarp ûntstie yn de 11e iuw as in agrarysk streekdoarp oan twa parallel rinnende weikes. Oan de eastlike wei waarden de measten pleatsen boud. De Bûtenwei wie de oarspronklike ferbiningswei mei oare plakken. Dat feroare yn 1868, doe't de eastlike wei it trochgeande ferfier ferwurke.[3]
Elslo hie wis al in tsjerke yn 1300, mar mooglik sels noch ien of twa iuwen earder. Faaks waard dy tsjerke stifte fanút Diever, dêr't al om it jier 900 hinne in tsjerke stie. De patroanhillige wie oarspronklik Sint-Katarina.[4] Yn 1913 krige Elslo in nij tsjerkegebou, dat in âlder gebou út 1632 ferfong. Dy âlde tsjerke stie op it plak fan it tsjerkhôf. Njonken de tsjerke stiet in yn 1987 restaurearre klokkestoel.
Mooglik hat eastlik fan Elslo it kleaster 'Lux Mundi' (Ljocht fan 'e Wrâld) stien. Fan dat yn 'e 16e iuw ferneatige kleaster is lykwols nea wat fûn. mar op âlde kaarten waard dat kleaster wol neamd. By opgravings binne wol spoaren fan in pleats mei in ringgrêft fûn en der hawwe yn 'e opkriten fan it neamde kleaster ferskillende pleatsen stien. De yn 1891 as sânpaad oanleine Kleasterwei waard yn 1931 ferhurde en ferwiist dat kleaster.
Op 16 maaie 1914 waard de tramline Easterwâlde-Stienwyk iepene, dy't by de Bûtenwei lâns ried. De tramline waard yn 1965 opheft.
Noch foar de Twadde Wrâldoarloch waard der oan de Kleasterwei in kamp boud foar arbeiders, dy't dêr yn it ramt fan 'e wurkferskaffing wurkje moasten. De nazy's brûkten dat kamp yn 1942 om dêr joaden oan it wurk te setten. Yn 'e nacht fan 2 op 3 oktober 1942 waarden de joadske manlju út it kamp helle en oer Westerbork nei de ferneatigingskampen Auschwitz en Sobibor deportearre. Fan it kamp is fierder neat mear oerbleaun, mooglik waard it fuort nei de oarloch ôfbrutsen. It bosk dat troch de joaden yn 1942 plante is bestiet noch wol en wurdt lokaal de joadebosk neamd.[5] Ta neitins oan de joadske finzenen stiet sûnt 2003 in monumint.[6]
Op it Súd stie oant 1941 in achtkante nôtmûne. By in swiere stoarm ferlear dy mûne yn 1941 it wjukkekrús. Fuort nei de oarloch waard de rest fan de mûne ôfbrutsen.
Mienskip
It doarpshûs 't Anker is in ûnderdiel fan it lokale kafee. De feriening Pleastlik Belang Elslo-Tronde is op 30 desimber 1911 stifte en set him yn foar it behâld en de ferbettering fan 'e leefberens fan Elslo. It doarpsblêd hjit 't Else Blattien. Foar de organisaasje fan aktiviteiten is der in feestkommisje.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Doarpstsjerke (Elslo).
Skoalle
Ferienings/Stiftings
- Aldereinsoas
- Aldjiersferiening Vesuvius Klub Elslo
- Iisklub De Oefening
- Jankfoddekoar Elser Smart
- Fuotbalferiening Trinitas
- Muzykferienning Concordia
- Sportferiening ODIS (kuorbal, gymnastyk, tennis)
- Stifting Histoarysk Argyf Elslo
- Stifting Het Karkehuus
- Toanielferiening Elslo
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 239 | 688 | 694 | 658 | 592 | 576 | 460 | 652 | 563 | 650 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Eveneminten
Keunstwurken
Yn 2012 joech de Vesuvius Klub it doarp it brûzen keunstwurk Door en Voor, dat troch de ynwenner Jacky Japink († 2013) makke waard. By de skoalle stiet 't Lamke út fan Klaas van Dijk.
Gea
Yn de omkriten lizzen de Keale Dunen en natuergebieten de Stobbedobbe en de Skieppedobbe. By de Stobbedobbe stiet de tsjasker Vesuvius.
Strjitten
- Sjoch: Strjitten yn Elslo
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Eaststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Easterwâlde • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | ||
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd | ||
wizigje |